Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 35:
 
===Yn Ingelân===
Om't in grut diel fan syn lânerijen yn [[Ingelân]] leine, bemuoide Annandale him ek mei de Ingelske [[polityk]]. Sa wied er oant [[1255]] kastelein fan it keninklike Kastiel fan [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]], yn [[Kumbria]]. Under de [[Twadde Baronne-oarloch]], in [[opstân]] ûnder lieding fan [[Simon fan Montfort, 6e greve fan Leicester]], dêr't in oansjenlik diel fan 'e Ingelske adel yn behelle wie, focht Annandale oan 'e kant fan kening [[Hindrik III fan Ingelân|Hindrik III]], en waard er yn 'e [[Slach by Lewes]], yn [[1264]], troch de opstannelingen [[kriichsfinzen]] makke. Neitiid moast syn soan en erfgenamt, dy't ek [[Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale|Robert fan Bruce]] hiet, him tsjin in hege [[lospriis]] frijkeapje fan nota bene Annandale syn eigen broer [[Bernard fan Bruce|Bernard]] en syn omkesizzer [[Gilbert fan Clare, 7e greve fan Gloucester]], dy't har by de opstân oansletten hiene.
 
Nei de nederlaach fan 'e opstannige eallju yn 'e [[Slach by Evesham]], yn [[1265]], koe Annandale syn lânerijen fierder útwreidzje, doe't er guon yn beslach nommen besittings fan 'e opstannelingen [[Walter fan Fauconberg]], [[Jan fan Melsa]] en syn eigen broer Bernard fan Hindrik III taparte krige. Dit wie perfoarst in beleanning foar syn trou oan 'e kening, mar miskien moat it ek sjoen wurde as kompinsaasje foar de lospriis dy't Annandale syn famylje foar him ophoastje moatten hie. Yn [[1267]] beneamde Hindrik III Annandale ek op 'e nij ta kastelein fan it Kastiel fan Carlisle. It tinken is dat Annandale him neitiid by de [[krústocht]] joech dy't de Ingelske prinsen [[Edwert I fan Ingelân|Edwert]] en [[Edmond de Bochel]] fan [[1270]] oant [[1274]] ûndernamen.