Geastlikheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L typfl
Rigel 1:
[[File:Religious Leaders, World Economic Forum 2009 Annual Meeting.jpg|right|thumb|250px|Geastliken fan ferskillende [[religy]]en.]]
De '''geastlikheid''' of '''klearus''' is in oerkoepeljende term foar alle [[preester]]s út in beskate [[godstsjinst]], dy't har feriene hawwe yn in mienskiplike organisaasje. In lid fan de geastlikheid is in '''geastlike''', en it byhearrende [[eigenskipswurd]] is '''geastlik''' of '''klerikaal'''. In geastlikheid hat yn 'e regel in hierargyske piramidestruktuer mei ien heechste preester oan it haad en ferskate legere klassen fan preesters dêrûnder. Dat is bygelyks it gefal mei de geastlikheid fan it [[roomsk-katolisisme|roomsk-katolike]], [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] en [[oriïntaalsk-otterdoksy|oriïntaalsk-otterdokse]] [[kristendom]], de [[lama (preester)|lama's]] fan it [[lamaïsme|lamaïstyske]] [[boedisme]] en de ''[[ulamaulāmā]]'' fan 'e yn 'e [[sjiïsme|sjiïtyske]] [[islaam]].
 
By de roomske geastlikheid stiet hielendal oan it haad de [[paus]] fan [[Rome (stêd)|Rome]], mei dêrûnder yn hierargyske folchoarder de [[kardinaal|kardinalen]], [[aartsbiskop]]pen, [[biskop]]pen, [[aartsdeken]]s, [[deken]]s, [[aartspreester]]s en [[preester]]s. De ''[[ulāmā]]'', de geastlikheid fan 'e [[sjiïsme|sjiïtyske]] [[islaam]], hat as heechste rang de [[grutajatolla]], dêr't er ornaris net mear as fiif tagelyk fan yn 'e hiele wrâld binne. Dêrûnder steane de [[ajatolla|ajatolla's]], dêrûnder de [[hojatol-islam]]s en dêrûnder de gewoane geastliken of [[mûlla|mûlla's]]. Ek [[kleaster]]oarders hearre ta de geastlikheid, en yn 'e streamings fan it [[kristendom]] dy't it [[kleasterwêzen]] kenne, steane [[abt]]en en [[abdisse]]n, dy't oer in [[abdij]] hearskje, op gelikense hichte mei biskoppen. [[Prior]]s en [[prioresse]]n, dy't foech oer in [[priorij]] hawwe, binne leger fan rang, en [[mûnts]]en en [[non]]nen steane ûnderoan.