Amerikaanske frontier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
kt
Rigel 7:
De ''frontier'' is yn 'e Feriene Steaten in suver ikoanysk begryp wurden, dat ferwiist nei de goudene tiden doe't wâldrinners lykas de fiksjonele Nathaniel "Natty" Bumppo, better bekend as Haukeach (''Hawkeye''), út [[James Fenimore Cooper]] syn ferneamde [[roman]] ''[[The Last of the Mohicans]]'', troch de no grutdiels weiwurden wâlden yn 'e eastlike Feriene Steaten swalken, en letter, doe't stoere [[cowboy]]s harren keppels fee oer de [[prêrje]]s fan it [[Wylde Westen]] dreaune en dêrby tusken de bedriuwen troch banditen en [[Yndianen]] moares learden. Men ferjit fansels dat it foar de lju dy't doedestiden libben nei alle gedachten hielendal net sa'n ideäle tiid wie. Likegoed komt men it begryp ''frontier'' yn Amearika oeral tsjin. Yn Jeropa is it faaks hast noch wol it bekendst wurden fan 'e troch [[Gene Roddenberry]] optochte iepeningswurden fan eltse [[Star Trek]]-film en -tillefyzjeôflevering: ''''Space: the final frontier. These are the voyages of the star ship Enterprise..."''
 
[[Kategory:Skiednis fan Noard-Amearika]]
[[Kategory:Skiednis fan de Feriene Steaten]]
[[Kategory:Wylde Westen]]