Skriuwtaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
In '''skriuwtaal''' is de [[skrift]]lik fêstleine foarm fan in [[taal]] yn in rige [[letter]]tekens op in oerflak. Hjirta heart û.m. de [[stavering]] en de [[wurd]]kar fan in taal. Oer it algemien wurdt foar skriuwtaal gebrûk makke fan in gruttere [[wurdskat]] en fan in yngewikkeldere [[sinsbou]] as foar [[sprektaal]]. Dat komt fral om't men mei skriuwtaal de tiid hat en tink ris even goed nei oer de ideeën dy't men útdrukke wol. Mei oare wurden, men kin redigearje, al is it mar yn jins eigen holle. It gebrûk fan [[tekstferwurking|tekstferwurkingsprogramma's]] op 'e [[kompjûter]] hat derfoar soarge dat men no ek yn it tekstferwurkingprogrammatekstferwurkingsprogramma redigearje kin, wat earder mei [[pin (skriuwark)|pin]] en [[papier]] of mei de [[typmasine]] net koe.
 
By guon talen, wêrûnder it [[Frysk]], gappet der in folle gruttere kleau tusken de skriuwtaal en de sprektaal as by oare talen (lykas it [[Nederlânsk]]). De reden dêrfoar is dat in taal as it Frysk yn ferhâlding net folle skreaun wurdt, mei as gefolch dat Frysktaligen oer it algemien mar oer in frij beheinde wurdskat beskikke, dêr't men foar in sprektaal prima mei ta kin, mar dy't foar in skriuwtaal beswierlik is. Boppedat is it Frysk in [[minderheidstaal]], dêr't troch de sterke ynfloed dy't it dominante Nederlânsk derop útoefenet, oates en toates [[lienwurd]]en út dy taal yn opnommen wurde. Hoewol't dêr op it mêd fan 'e sprektaal net folle tsjin te dwaan falt, wurde sokke [[hollanisme|hollanistyske]] [[ynterferinsje (taalkunde)|ynterferinsjes]] oer it algemien rigoereus út 'e skriuwtaal skrast. Foarneamde faktoaren mei-inoar hawwe ta in sitewaasje laat wêrby't skriuw- en sprektaal útinoar groeid binne yn in proses dat yn 'e [[taalkunde]] fan [[diglossy]] neamd wurdt.