Tsjûkotka-skiereilân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
It '''Tsjûkotka-skiereilân''' of '''Tsjûksjenskiereilân''' ([[Russysk]]: Чукотский Полуостров, ''Čukotskij Poluostrov'') is in [[Ruslân|Russysk]] [[skiereilân]], dat yn it uterste easten fan [[Sibearje]] nei it easten ta útstiket. Mei it [[Seward-skiereilân]], oan 'e westkust fan [[Alaska]], foarmet it de skieding tusken de [[Beringsee]] yn it suden en de [[Tsjûktsjensee]] yn it noarden (dy't diel útmakket fan 'e [[Noardlike Iissee]]). De [[see-ingte]] tusken de beide skiereilannen yn is de [[Beringstrjitte]].
 
Bestjoerlik heart it Tsjûkotka-skiereilân ta it autonome gebiet [[Tsjûkotka (autonoom gebiet)|Tsjûkotka]]. Hoewol't [[Russen|Russyske kolonisten]] der no yn 'e mearderheid binne, wurdt it gebiet fan âlds bewenne troch ferskate lânseigen folken, wêrûnder de [[Tsjûktsjen]] (dêr't it nei ferneamd is), de [[Sibearje|Sibearyske]] [[Inûyt]] en [[Tsjûvanen]]. Dy libben dêr tradysjoneeltradisjoneel fan 'e [[fiskerij]] en de [[rindier]]hâlderij.
 
It Tsjûkotka-skiereilân leit oan 'e [[Noardeastlike Passaazje]], de seerûte troch de [[Noardlike Iissee]] fan [[Jeropa]] nei it [[Fiere Easten]]. Under de [[Sovjet-Uny]] wie dit ôfhandige diel fan it lân de lokaasje fan ferskate ynternearringskampen foar dissidinten. De pleatslike [[ekonomy]] stipet tsjintwurdich op 'e [[mynbou]] ([[tin (metaal)|tin]], [[lead (metaal)|lead]], [[sink]], [[goud]] en [[stienkoal]]), de [[jacht (op bisten)|jacht]], de [[rindier]]fokkerij en de [[fiskerij]].