Mariah Carey: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L (GR) File renamed: File:Mcla re03.jpgFile:Mariah Carey & L.A. Reid 2005.jpg File renaming criterion #2: To change from a meaningless or ambiguous name to a name that describes what the image displ...
Rigel 51:
 
Mei har folgjende beide albums, ''Butterfly'' ([[1997]]) en ''Rainbow'' ([[1999]]), sette Carey har súkses fuort, wêrby't se yn tanimmende mjitte hiphop-eleminten yn har muzyk bemjukse. Teffens begûn se mear gear te wurkjen mei hiphopartysten as [[Jermaine Dupri]], [[Mystikal]] en [[Snoop Dogg]]. Oan 'e oare kant song se yn [[1998]] it duët ''When You Believe'', dat in grutte hit waard, mei [[Whitney Houston]], foar de ''[[soundtrack]]'' fan 'e [[tekenfilm]] ''[[The Prince of Egypt]]''. Yn [[2000]] briek Carey nei tsien jier mei ''Columbia'' en tekene se in kontrakt foar $100 miljoen mei ''[[Virgin Records]]''.
[[File:MclaMariah re03Carey & L.A. Reid 2005.jpg|right|thumb|220px|Mariah Carey mei ''Island Records''-platebaas [[L.A. Reid]], yn [[2005]].]]
 
Yn [[2001]] sette se ek foar it earst útein mei te akearjen, yn 'e [[film]] ''[[Glitter (film)|Glitter]]'', dy't spesjaal foar har skreaun wie. Yn july fan dat jier begûn se lykwols ynkoherinte berjochten op har offisjele webside te setten, en op [[26 july]] waard se ynienen opnommen mei útputtingsferskynsels en om't se lichaamlik en geastlik ynstoart wêze soe. De publikaasje fan sawol de film as de byhearrende ''soundtrack'' waarden fersteld, mar doe't se úteinlik dochs útbrocht waarden, flopten se raar. Neitiid kocht Carey har kontrakt mei ''Virgin Records'' ôf mei $50 miljoen, en fleach se nei [[Itaalje]], dêr't se fiif moannen lang yn [[Capri]] ferbleau om op te knappen. Hoewol't se letter dat jier in kontrakt oangie mei ''[[Island Records]]'' en dêrnjonken in eigen label, ''[[MonarC Entertainment]]'', oprjochte, die har folgjende album, ''Charmbracelet'' ([[2002]]), it lang sa goed net as syn foargongers. Yn 'e media waard de ein fan Carey har karriêre al foarsein.