De Like: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 24 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q835096
No edit summary
Rigel 21:
'''De Like''' ([[Nederlânsk]]: ''Leek'', [[Grinslânsk]]: ''Laik'' of ''De Lieke'') is in plak en [[De Like (gemeente)|gemeente]] yn it súdwesten fan de provinsje [[Grinslân]]. De gemeente leit yn 't [[Westerkertier]] fan [[Grinslân]] en hat in oerflakte fan 64 km², wêrfan 0,63 km² wetter.
 
It doarp is ûntstien by de [[skâns]] dy't hjir yn de [[Tachtichjierrige oarloch]] oanlein waard. De namme is ûntliend oan it wetterke de [[Lek (stream)|Lek]] (of Like). Op [[Pinkster]]moandei is der Pinkstermerke dy't al op freed begjint en in soad besikers út de fiere omkriten lûkt.
 
By it reedriden koe winterdeis in "[[likeblom]]" koft wurde: in twige mei in papieren blom as trofee fan it berikken fan De Like.