Wol: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Skearwol to Wol: Liket my in logysker namme
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Wool shorn from aust merino sheep.jpg|thumb|Wol fan in Merinoskiep]]
'''Wol''' of '''skearwol''' is deit [[pelsHier (begroeiïng)|hier]] fan meast in [[skiep]] of [[geit]].
 
Troch de tafoeging fan it wurd ''skear'' wurdt de neidruk lein op de bettere kwaliteit dy't it produkt hat. It is krekt oft in skearwollene trui waarmer is as in wollen trui.
Line 5 ⟶ 6:
It wurd skear tsjut op it noch net-brûkte fan de wol sûnt de wol fan it libbene skiep komd is (skeard), mar jout gjin garânsje dat de tried net ek foar in gedielte bestiet út wol fan in dea skiep (bleatwol) of keunstwol (regenerearde wol) of in oar produkt, lykas [[katoen]], befettet.
 
== Bisten dy't wol leverje ==
Sjoch ek [[wolmerk]].
[[Ofbyld:Australian Cashmere Goats.jpg|thumb|[[Kasjmiergeit]]en]]
Diersoarten dy't hier en wol leverje binne:
* [[Skiep]], [[domestikaasje|domestisearre]] fee dat ek hâlden wurdt om fleis en molke.
* [[Alpaka (sûchdier)|Alpaka]], libbet yn de [[Andes]] yn [[Súd-Amearika]]. Ek de lytste lama, de Vicuña, leveret wol.
* [[Knyn]], út soarte it [[angoaraknyn]]. De angoarawol is tige sêft en hiel licht. Om him sterker te meitsjen wurdt angoarawol wol mingd mei skieppewol of oare rizels.
* [[Geit]]. [[Kasjmier (wol)|Kasjmier]]wol komt fan de [[Kasjmiergeit]], dy't [[Angola]] en [[Mongoalje]] foarkomt. Dy bisten libje yn it wyld yn ûnherberchsume gebieten. De wol wurdt mei de hân út de ûnderfacht fan de bûk kamme en hjit ek wol 'pashmina'. Mohair komt fan de [[angoarageit]].
* [[Kamiel]], ljocht of donkerbrún hier dat wol tapast wurdt yn jassen en blazers.
* [[Hynder]], brún, swart en wyt fan sturt en moanjes, dat brûkt wurdt foar it beklaaien fan stuollen, 'tuskenlinnen' foar revers fan klean.
* [[Jak]] (û.o. Mongoalje) foar flierkleed en tuskenlinnen.
 
 
[[Kategory:Tekstylfezel]]