Homo erectus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Homo erectus tautavelensis.jpg|right|thumb|200px|[[Plasse]] fan de Homo erectus]]
De ''' ''homo erectus'' ''' wie in [[minske]]ftige dy't om-ende-by 1,9 miljoen oant 400.000 jier lyn op ierde libbe hat. Hy libbe nei alle gedachten nei ''[[Homo habilis]]'', mar it kin net útsletten wurde dat beide soarten njonken inoar libbe hawwe. It wurd betsjut ''rjochtopsteand'', dat slaggetslacht op it rjochtop rinnen fan dizzede soart. Hy wie ûngefear tusken de 1,50 meter en 1,85 meter lang en foarseach himsels fan fiedseliten troch te [[jeien]] en te sammeljen.
 
De ''homo erectus'' makke in oantal wichtige ûntwikkelings troch dy't fan krusiaal belang wienen foar de fierdere ûntwikkeling foar de minsklike soart. Karakterisearjend wie de útfining fan it [[fjoer]]. It is net hielendal dúdlik hoe, wêrom't en wêrfoar't de minske begûnen mei it brûken fan fjoer. Neffens de wittenskip hie it benammen te krijen mei tafallichheden. Yn alle gefallen learde de minske it fjoer te behearskjen en makke dêr gebrûk fan. It joech him in protte foardielen, wylde bisten bygelyks koene dermei op ôfstân holden wurde en iten mei fynmakke wurde. Mar it wichtichste wie wol dat sy troch fjoer harharren waarm hâlde koene. Troch it fjoer koenen sy út [[Afrika]] wei nei it kâldere [[Jeropa]] en [[Aazje]] lûke. Yn Jeropa binne resten fûn fan de Homo erectus dy't 1,5 miljoen jier âld binne.
 
Oare ûntwikkelingen dy't dizze minskesoarte trochmakke, wie it meitsjen fan finer [[ark]]. Sy dienen dat folle better as har foargongers en ûntwikkelen as earste de [[hânbile]]. Troch dizzedy ûntwikkelingen koenen sy ek better op bisten jeie.
 
[[Kategory:Minske]]