Homo erectus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
better fûstbile
Rigel 4:
De ''homo erectus'' makke in oantal wichtige ûntwikkelings troch dy't fan krusiaal belang wienen foar de fierdere ûntwikkeling foar de minsklike soart. Karakterisearjend wie de útfining fan it [[fjoer]]. It is net hielendal dúdlik hoe, wêrom't en wêrfoar't de minske begûnen mei it brûken fan fjoer. Neffens de wittenskip hie it benammen te krijen mei tafallichheden. Yn alle gefallen learde de minske it fjoer te behearskjen en makke dêr gebrûk fan. It joech him in protte foardielen, wylde bisten bygelyks koene dermei op ôfstân holden wurde en iten mei fynmakke wurde. Mar it wichtichste wie wol dat sy troch fjoer harren waarm hâlde koene. Troch it fjoer koenen sy út [[Afrika]] wei nei it kâldere [[Jeropa]] en [[Aazje]] lûke. Yn Jeropa binne resten fûn fan de Homo erectus dy't 1,5 miljoen jier âld binne.
 
Oare ûntwikkelingen dy't dizze minskesoarte trochmakke, wie it meitsjen fan finer [[ark]]. Sy dienen dat folle better as har foargongers en ûntwikkelen as earste de [[hânbilefûstbile]]. Troch dy ûntwikkelingen koenen sy ek better op bisten jeie.
 
[[Kategory:Minske]]