West Point (New York): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 30:
West Point waard op [[27 jannewaris]] [[1778]], ûnder de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch]], stifte troch de [[Poalen|Poalske]] [[generaal]] [[Tadeusz Kościuszko]], dy't doedestiden meifocht oan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] kant. Kościuszko wie in militêr sjeny dy't it plak foar in [[fort]] oan 'e [[rivier]] de [[Hudson (rivier)|Hudson]] útkeas fanwegen de aparte S-bocht dy't de rivier op dat plak makke. De basis hiet yn 't earstoan [[Fort Clinton (West Point)|Fort Clinton]], en waard de hiele [[oarloch]] troch bemanne troch in lyts Amerikaansk garnizoen.
 
Der waard by it fort in swiere [[Hudson River Chain|izerne keatling]] dwers oer de Hudson lein om 'e [[Britske Marine]] de tagong ta de rivier te ûntsizzen, mar om't de [[Grut-Brittanje|Britten]] neinet besochten en far de rivier op, kaam it ek nea ta in konfrontaasje. Yn [[1870]] besocht de Amerikaanske generaal [[Benedict Arnold]] Fort Clinton oer te dragen oan 'e Britten as ûnderdiel fan syn [[ferrie]] oan 'e Amerikaanske saak. De gearspanning mislearre lykwols doe't de Britske [[majoar]] [[John André]] as [[spion]] troch de Amerikanen oppakt waard.
 
Yn [[1802]] waard by West Point troch de [[Amerikaanske presidint]] [[Thomas Jefferson]] de ferneamde [[Amerikaanske Militêre Akademy]] stifte, dy't meitiid suver synonym waard mei de namme 'West Point'. Dat is de âldste militêre akademy fan 'e Feriene Steaten, en de basis is fanwegen de oanwêzigens fan 'e akademy de langst aktive basis fan 'e [[Amerikaanske Striidkrêften]]. Yn [[1937]] waard op 'e basis it West Point Bullion Depository boud, dat yn [[1988]] de [[Munt fan West Point]] waard, in dependânse fan 'e [[Amerikaanske Munt]].