Lippe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ferwiist troch nei Lippen
 
L nije side
Rigel 1:
[[File:Mouth.jpg|right|thumb|220px|De [[minske|minsklike]] lippen.]]
#REDIRECT [[Lippen]]
In '''lippe''' is ien fan 'e beide gefoelige en fleizige bûtenste dielen fan 'e [[mûle]] by [[minske]]n of fan 'e [[bek]] by [[bisten]]. Dêrby giet it om 'e '''boppelippe''' ([[Latyn]]: ''labium superius oris'') en de '''ûnderlippe''' (''labium inferius oris''), dy't yn 'e [[mûlshoeke]]n byinoar komme. De gebrûklike oantsjutting foar dit diel fan it lichem is de meartalsfoarm "de '''lippen'''" (''labia oris'').
 
==By de minske==
By de [[minske]] binne de lippen fleiziger as by bisten, en besteane se foar in grut part út twa nei bûten ta omkrôle fealreade bannen dy't [[evolúsje|evolúsjonêr]] sjoen oarspronklik diel útmakken fan 'e binnenkant fan 'e [[mûle]]. Dizze beide bannen wurde yn it deistich spraakgebrûk oantsjut as 'de lippen', mar eins binne de lippen folle grutter en omfiemje se de hiele losse fleizige flappen tusken de [[noas]] en it [[kin]] yn. By [[bisten]], sels by [[primaten]], dy't it naust mei de minske besibbe binne, ûntbrekke de beide fealreade bannen. It plak dêr't it fealreade gebiet oergiet yn 'e gewoane [[hûd]] wurdt de [[lipgrins]] neamd. Yn 'e minsklike boppelippe sit yn 'e midden in fertikale dûk, dy't it [[filtrum]] hjit.
[[File:Cherry Lips.jpg|left|thumb|200px|De lippen fan in [[frou]] mei [[lippestift]] op.]]
 
Oan 'e binnenkant fan 'e mûle sitte de lippen mei saneamde [[lipbân|lipbantsjes]] of lipfrenula fêst oan it [[toskfleis]] fan 'e [[kaak (lichemsdiel)|kaken]]. Soms is it boppeste lipbantsje te lang en rikt it oant tusken de [[foartosk]]en. Dêrtroch ûntstiet dan in frontaal [[diasteem]], oftewol in spjalt tusken de foartosken. Yn sokke gefallen moat it lipbantsje operatyf ynkoarte wurde by in yngreep dy't in [[frenulektomy]] neamd wurdt.
[[File:Sparkly lips.jpg|right|thumb|150px|Lippen mei [[piercing]]s dertrochhinne.]]
 
By de minsken spylje de lippen in wichtige rol by it [[artikulearjen]] fan [[spraak]], mar ek by it oannimmen fan ferskate [[gesichtsútdrukking]]s. Ek by iten en oare aktiviteiten, lykas it bespyljen fan [[blaasynstrumint]]en, binne de lippen wichtich. It reade diel fan 'e lippen is tige gefoelich om't de hûd der sa tin is. De reade tint fan dit diel fan 'e lippen wurdt nammers ek feroarsake om't men it [[bloed]] troch de hûd hinne sjen kin. Dêrom hat men gau in tosk troch de lippe, en teffens ferklearret dat de rol fan dit diel fan 'e lippen yn 'e minsklike [[seksualiteit]]. Sa binne de lippen wichtich by it [[tútsjen]] en by it bedriuwen fan [[orale seks]].
 
Trochdat se sa gefoelich binne, kinne de reade lippen fan in protte dingen te lijen hawwe, wêrûnder [[drûchte|drûch waar]]. Tsjintwurdich bestiet der [[lippebalsem]] om drûge of skriele lippen mei yn te smaren. [[Frou]]lju, dy't oer it algemien fleiziger lippen hawwe as [[man (sekse)|manlju]], smare faak [[lippestift]] op 'e lippen, in soarte fan [[kosmetika]] dy't de lippen ekstra kleur jout. Benammen yn 'e Westerske [[kultuer]] wurdt soks frij algemien as oantreklik beskôge. Lippestift komt foar yn in grut tal kleuren, mar benammen yn nuânses [[read]], [[rôze]] en [[pears|pearzich]]. Guon lju litte [[piercing]]s troch harren lippen hinne oanbringe by wize fan [[lichemsfersiering]].
 
==By bisten==
By oare [[sûchdieren]] ferfolje de lippen in lyksoartige funksje as dat se [[evolúsje|evolúsjonêr]] sjoen by de [[minske]] hiene: nammentlik om it drinken by de mem makliker te meitsjen. Fierders tsjinje se foar oare foarmen fan itensopname en as [[taastsin|taastorgaan]]. Teffens ûnderstypje se de [[mimyk]]; in [[hûn]], bygelyks, lûkt de boppelippe op om syn [[tosk]]en sjen te litten as er in driigjende hâlding oannimme wol.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Lip ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|Lips}}
}}
 
[[Kategory:Anatomy]]
[[Kategory:Mûle]]