Nikki Benz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 21:
Nikki Benz begûn as topless foto- en kalindermodel en fûn al rillegau wurk as stripper. Se bedarre yn 'e pornoyndustry troch yn [[2002]] út harsels kontakt op te nimmen mei in pornoregisseur. Se tekene yn jannewaris [[2003]] in kontrakt foar in jier mei ''[[Pleasure Productions]]'' en makke har debút yn in [[pornografyske film]] datselde jiers, earst yn in [[lesbiënne|lesbyske]] sêne mei [[Gina Lynn]] yn ''Strap On Sally 20'', en dêrnei yn in [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] sêne mei akteur [[Ben English]] yn ''The Sweetest Thing''. Doe't har kontrakt ôfrûn, ferfear se nei de [[Feriene Steaten]], dêr't se har nei wenjen sette yn [[Los Angeles]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]], en dêr't se bêste freondinnen waard mei har kollega-pornoaktrise [[Puma Swede]]. Yn septimber [[2004]] sleat se in kontrakt ôf mei ''[[Jill Kelly Productions]]'' (JKP), mar in jier letter, yn [[2005]], stapte se oer nei ''[[TeraVision]]''. Sûnt 2003 hat se yn teminsten 185 films spile.
 
Njonken har aktearwurk posearret Nikki Benz ek foar [[neakenblêd]]en. Sa hat se yn 'e ''[[Penthouse]]'', ''[[High Society]]'', ''[[Fox (tydskrift)|Fox]]'', ''[[OUI]]'', ''[[Chéri (tydskrift)|Chéri]]'', ''[[Hustler]]'', ''[[Club (tydskrift)|Club]]'' en ''[[Club International]]'' stien. Se wie de ''covergirl'' fan 'e ''Penthouse'' yn maaie [[2008]], de ''[[Penthouse Pet]]'' fan 'e moanne yn april [[2010]], en boppedat de ''Penthouse Pet'' fan it Jier yn [[2011]]. Fierdersoan presintearre se in hoartsje in tillefyzjeshow op it kabelkanaal ''KSEX'', mei as titel ''Contract Superstars'', yn 'e mande mei [[Lacey Heart]], [[Ashley Steele]], [[Stormy Daniels]] en [[Tyler Faith]], mar hold dêrmei op om't se der nei eigen sizzen gjin tiid mear foar hie. Yn 'e mande mei [[Lisa Ann]] en [[Sean Michaels]] presintearre Nikki Benz yn april 2010 ek de útrikking fan 'e [[XRCO|XRCO Awards]].
 
Nikki Benz hat ûnderskate kaméoroltsjes hân yn ''mainstream''-útstjoerings en -publikaasjes (soks neamt men yn 'e pornoyndustry in ''[[crossover (pornografy)|crossover]]''). Sa spile se in pear kear in sarkastyske grappen meitsjende skjinmakster yn it programma ''Cubed'', op FoxSports.com. Ek hie se in lyts roltsje yn it filmdrama ''My Trip Back to the Dark Side'', fan ''[[Emmy Award]]''-winner en [[regisseur]] [[Shane Stanley]], út [[2013]]. Hja wie ek te sjen yn 'e [[fideoklip]] fan it nûmer ''Lose Yourself'', dat de titelsong fan ''My Trip Back to the Dark Side'' is. En ta ein beslút komt se wiidweidich yn byld yn it [[fideospultsje]] ''Saints Row - The Third - The Penthouse Pack'', dat útbrocht is troch ''Volition''.