Nelson Rockefeller: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L besseres bild
Rigel 55:
 
As fise-presidint stie Rockefeller benammentlik bekend om syn sunichheid. Mei't er fan himsels rikernôch wie dat er fan it fise-presidinsjeel salaris gjin ferlet hie, donearre er dat foar de helte oan federale programma's om it ûnderwiis yn 'e Amerikaanske binnenstêden te ferbetterjen, en foar de oare helte oan programma's foar keunstsinnich ûnderwiis op skoallen yn earme wiken. Rockefeller wegere yn 't earstoan ek gebrûk te meitsjen fan ''[[Air Force Two]]'', it fise-presidinsjele fleantúch, mei't er fûn dat er wol op eigen kosten yn syn [[priveefleantúch]] reizgje koe. Dat joech er pas op, doe't de ''[[Secret Service]]'' him derfan oertsjûge dat soks de belestingbeteller úteinlik krekt mear jild koste, om't der hieltyd wer personeel mei oare fleantugen hinne en wer flein wurde moast om syn liifwachten te ûnderstypjen.
[[File:Carter_RockefellerNelson Rockefeller and Jimmy Carter - NARA - 176664a.gifjpg|left|thumb|300px|Rockefeller skoddet [[Jimmy Carter]] de hân.]]
 
Yn novimber [[1975]] stelde Rockefeller presidint Ford op 'e hichte fan syn beslissing dat er net dy syn ''running mate'' wêze woe by de presidintsferkiezings fan [[1976]]. As reden dêrfoar joech er oan dat er wist dat er tige dreech lei by de konservative Republikeinen, mar dêrnjonken sil syn muoisume gearwurking mei Ford syn stêf ek grif in rol spile hawwe. Yn elts gefal bliek er gelyk te hawwen wat de konservativen oangie, want op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 1976 seine sawol [[Barry Goldwater]], in swiergewicht binnen de partij, as [[Ronald Reagan]], Ford syn foarnaamste tsjinstanner by de Republikeinske foarferkiezings, dat se wegerje soene om him te stypjen as er Rockefeller as ''running mate'' keas. Ford frege dêrop ynstee [[Bob Dole]], in konservative senator út [[Kansas]], om syn fise-presidintskandidaat te wurden. Yn acht nommen dat Ford en Dole de ferkiezings ferlearen fan [[Jimmy Carter]] en [[Walter Mondale]], is it fansels mar hielendal de fraach oft de Republikeinen it net better dien hawwe soene mei Rockefeller derby. Mar hoe dan ek, al wied er net nominearre foar it fise-presidintskip, dochs fierde Rockefeller aktyf kampanje foar Ford. Dêrby reägearre er op boeroppers op in gearkomste yn [[Binghamton (New York)|Binghamton]], yn New York, troch de middelfinger nei harren op te stekken; de foto fan dy doe as skandalich ûnderfûne die waard it ikoanyske byld fan 'e presidintsferkiezings fan 1976, en it opstekken fan 'e middelfinger waard yn Amearika in hoartsje lang "it Rockefeller-gebeart" neamd.