Prinses Margrietkanaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Eat oer in grut kanaal.
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 jun 2004 om 00.42

It Prinses Margrietkanaal is in kanaal foar grutte skipfeart troch Fryslân, fan 64,5 km. lang. It rint fan Strobos, mei oanslúting op it Van Starkenborghkanaal yn Grinslân, oant de Lemmer, mei oanslúting op de Yselmar.

It is yn 1951 iepensteld, en om 1965 hinne útdjipt ta 3,8 m. dat ek kustfarders tagong ta de Fryske wetters hienen. It wie net in nij-groeven kanaal; it foarmet in ferdjipping, ferbreding en ferbyning fan wetterwegen:

  1. Fan Strobos it Knillesdjip nei de Burgumer Mar; de Grinzer Feart nei Burgum.
  2. Fan Burgum de Kromme Ie, de Wide Ie en de Wide Hop nei Fonnejacht, mei oanslúting op it Fan Harinksmakanaal.
  3. Fan Fonejacht it Nije Kanaal, de Mearsleat en de Krúswetters nei de Kweamar; de Greft en fierder nei de Biggemar; fierder nei de Pikmar en Grou.
  4. Fan Grou fierder nei Aldskou, dêr't de Boarn krúst wurdt.
  5. Fan Aldskou de Nije Wjittering nei de Terhernster Mar; troch it Terhernstersyl nei de Snitser Mar; it Ald Tsjerkhôf, it Krúswetter, de Modderige Geau en fierder nei Twellingea.
  6. Fan Twellingea fierder, de Westerbrêgesleat nei it Aldhôf; de Nije wei nei de Kûfurd; fierder nei de Jiskenhúster Mar; fierder nei Spannenbuorch.
  7. Fan Spannenbuorch fierder nei de Grutte Brekken; fierder nei de Lemmer, mei de Prinses Margrietsluis.