Bagaazjetrein: ferskil tusken ferzjes

plaatsje
(nije side)
 
(plaatsje)
 
[[File:Crossing the Mississippi on the Ice by C.C.A. Christensen.png|thumb|250px|In trein stekt de beferzen [[Mississippy (rivier)|Mississippy]] oer<br><small>Skilderij fan [[Carl Christian Anton Christensen]]</small>]]
In '''bagaazjetrein''' of ek wol koartwei in '''trein''' wie foarhinne it almeast út [[kapwein]]en besteande befoarriedingskonfoai fan in [[militêre ienheid]]. Der waard fan in trein sprutsen om't de weinen yn in lange rige efterinoar oan rieden; dizze betsjutting fan it wurd is feitliks âlder as de hjoeddeiske [[trein]]en, dy't dernei ferneamd binne. Op dreech begeanber terrein bestiene bagaazjetreinen trouwens ek wol út rigen [[pakezel]]s of [[mûldier]]en, of yn [[woastyn|woastinige]] kriten út [[karafaan|karafanen]] [[kamiel]]en.