Twa Moannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 22:
 
==Libben==
Twa Moannen wie de soan fan Draacht-de-Otter, in froulike kriichsfinzene fan [[Arikara (folk)|Arikara]]-komôf, dy't by de Noardlike Sjajinnen yntroud wie. Hy makke ûnder syn eigen folk namme troch syn lieding oer de Sjajinske krigers yn ferskate militêre treffens mei de [[Feriene Steaten|Amerikanen]], dy't diel útmakken fan 'e saneamde [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]]. Sa focht er bygelyks mei yn 'e [[Slach oan de Rosebud]], op [[17 juny]] [[1876]] yn wat no de [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Montana]] is, tsjin 'e Amerikaanske generaal[[luitenant-kolonel]] [[George Crook]]. Hy waard lykwols ûnder de blanken pas bekend troch syn dielname as Sjajinsk lieder oan 'e ferneamde [[Slach oan de Little Bighorn]], op [[25 juny]] [[1876]], wêrby't de [[Sû (folk)|Sû]] en harren bûnsgenoaten, de Sjajinnen en de [[Arapaho (folk)|Arapaho]], it Amerikaanske 7de Kavaleryregimint fan generaal [[George Armstrong Custer]] in ferpletterjende nederlaach tabrochten.
 
Nei de beskamjende nederlaach oan 'e Little Bighorn setten de Amerikanen alles op alles om sa fluch mooglik it Yndiaanske ferset de nekke om te draaien. Twa Moannen wie ien fan 'e lêste fijannige oarlochslieders dy't noch op frije fuotten wie, mar op [[8 jannewaris]] [[1877]] waard er troch [[generaal]] [[Nelson A. Miles]] ferslein yn 'e [[Slach by Wolf Mountain]]. Dat ferlies brocht him der úteinlik ta om him yn april 1877 by [[Fort Keogh]], yn Montana, oan 'e Amerikanen oer te jaan.
[[File:Indian Head Buffalo Obverse.jpg|left|thumb|200px|Twa Moannen wie ien fan 'e modellen dy't de [[byldhouwer]] [[James Earle Fraser]] brûkte foar syn ûntwerp fan 'e saneamde ''[[buffalo nickel]]'' ("bizonstoer").]]
 
Neitiid keas er derfoar om as [[ferkenner]] tsjinst te nimmen yn it [[Amerikaanske Leger]], foar deselde generaal Miles dy't him by Wolf Mountain ferslein hie. Twa Moannen hie in oangename persoanlikheid en koe mei hast eltsenien oer de wei. Meitiid rekken hy en Miles befreone, en sadwaande befûn er him begjin [[1879]] yn 'e posysje om in krúsjale rol as midsman te spyljen by de oerjefte, op 'e nij te Fort Keogh, fan 'e Noardlike Sjajinnetroep fan [[Lytse Wolf]]. Nei't dy yn 1877 nei it [[Yndiaansk Territoarium|Yndiaanske Territoarium]] (it hjoeddeiske [[Oklahoma]]) deportearre wiene, hie nammentlik bliken dien dat dêr net genôch iten wie en boppedat hearske der ek noch [[malaria]], dat yn septimber [[1878]] wie in grutte groep Noardlike Sjajinnen ûnder de opperhaden [[Stomp Mês]] en [[Lytse Wolf]] út it reservaat ûntsnapt om, efterfolge troch de Amerikaanske kavalery, werom te kearen nei harren heitelân yn it noarden. (Dit barren stiet bekend as de [[Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen]].)
 
Mei troch de ynfloed fan generaal Miles krigen de Noardlike Sjajinnen doe úteinlings tastimming om yn Montana te bliuwen. Yn [[1884]] waard harren dêr yn opdracht fan presidint [[Chester A. Arthur]] it [[Noardlike Sjajinne Yndianereservaat]] tawiisd. Dêrop soarge Miles derfoar dat Twa Moannen, in man dy't wist hoe't er mei de blanken omgean moast, it heechste opperhaad fan it [[Yndianereservaat|reservaat]] waard, en dêrmei it oansprekpunt foar de Amerikaanske oerheid. Yn syn nije hoedanichheid fan heechste lieder fan syn folk reizge Twa Moannen ûnderskate kearen nei it fiere [[Washington, D.C.]], foar direkt oerlis mei it Amerikaanske regear, en om te krewearjen foar de takomst fan 'e Noardlike Sjajinnen en harren reservaat. Yn [[1914]] hied er, om sokke saken te bepraten, sels in ûnderhâld mei presidint [[Woodrow Wilson]] sels. Twa Moannen stoar yn [[1917]], yn 'e âlderdom fan 70 jier, yn syn hûs yn it Noardlike Sjajinne Reservaat yn Montana. Syn grêf leit oan ''[[U.S. Route 212]]'', bewesten it plakje [[Busby (Montana)|Busby]].
Rigel 38:
[[Kategory:Yndiaansk lieder]]
[[Kategory:Persoan yn de Grutte Sû-Oarloch fan 1876]]
[[Kategory:WyldeAmerikaansk Westenmilitêr]]
[[Kategory:Amerikaansk militêr fan Yndiaansk komôf]]
[[Kategory:Wylde Westen]]