Benediktus XVI: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
No edit summary
Rigel 1:
{{stobbe}}
[[Ofbyld:BentoXVI-30-10052007.jpg|thumb|Paus Benediktus XVI]]
[[Paus]] '''Benediktus XVI''' (berne as '''Joseph Ratzinger''', [[Marktl|Marktl am Inn]] ([[Beieren]]), [[16 april]] [[1927]]) wie oant syn ferkiezing ta paus, de prefekt fan de [[kongregaasje foar de leauwenslear]] (de eardere [[ynkwisysje]]), [[presidint]] fan de [[pauslike bibelkommisje]] en presidint fan de ynternasjonale teologenkommisje en [[deken]] fan it [[kolleezje fan kardinalen]]. Hy is berne op [[16 april]] [[1927]] yn [[Marktl am Inn]] yn [[Dútslân]]. Hy waard [[preester]] op [[29 juny]] [[1951]].
 
Syn heit wie plysje en stamme út in tradisjonele famylje fan lânbouwers. Joseph Ratzinger brocht syn jonge jierren troch yn [[Trainstein]]. Hy waard ferplichte om yn'e [[Twadde Wrâldkriich]] yn it leger te gean. Hy moast by it [[loftôfwargeskut]] stean mar hy desertearre. Fan [[1946]] oant [[1951]], it jier wêryn't hy preester waard, studearre hy [[filosofy]] en [[teology]] oan de [[universiteit fan München]] en de hegeskoalle yn [[Freising]]. Yn 1953 promovearre hy yn de teology mei it [[proefskrift]]: It folk en it hús fan god neffens de lear fan Sint [[Augustinus]], oer de [[tsjerke]]. Fjouwer jier letter waard hy dosint oan de universiteit. Hy dosearre [[dogma]]tyk en teology oan de hegeskoalle foar filosofy en teology yn Freising.