Ferskil tusken ferzjes fan "A Civil Campaign"

L
Link gelijk aan linktekst
(omstav.)
L (Link gelijk aan linktekst)
Neitiid keart Miles mei syn oansteande breid en har famyljeleden werom nei Vorkosiganstate, dêr't se yn 'e hal Mark en de mei bistkebûter oerdutsen Kareen, Martya, dr. Borgos, Roic en de beide Escobareeske plysjes oantreffe. Miles lost it trelit flotwei op troch oan te tsjutten dat Vorkosiganstate as residinsje fan 'e greve fan it Vorkosigan-distrikt it grûngebiet fan dat distrikt is, en hoewol't fierders alle papierren fan 'e Escobarezen ynoarder binne, beskikke se net oer in útleveringsbefel fan it Vorkosigan-distrikt. As se him dêr dan daliks om freegje, wegeret er dat harren en moatte se har poerlulk en glysterich fan 'e bistkebûter ôfjaan.
 
''A Civil Campaign'' einiget mei de keizerlike brulloft, dy't Mark-en-dy oangripe om har earste bistkebûterprodukt oan 'e man te bringen: eskdoarnambrozyn. Dat is bistkebûter fermongen mei eskdoarnmiede, de pleatslike drank fan it Vorkosigan-distrikt. Ek de tentoanstelde glorieuze bistkes binne in grut súkses. Troch de woltier fan 'e bûterbistke-ûndernimming hat Kareen no genôch jild om har folgjende stúdzjejier op Bêta Koloanje fan te beteljen. Mei har suster Martya, dy't it wol hiel goed fine kin mei dr. Borgos, hawwe sy en Mark ôfpraat dat dy de ûndernimming op Barrayar liede sil as hja beiden weromgeane nei Bêta Koloanje. Op 'e brulloft makket Kareen har oare suster Olivia boppedat har ferloving mei greve Dono Vorrutyer bekend. En Miles is tige optein as er fernimt dat Alexi Vormoncrief oerpleatst wurdt nei de ôfhandige legerbasis Lazkowski, yn it poalgebiet, better bekend ûnder de ûnoffisjele namme Kamp [[permafrost|Permafrost]], dêr't Miles sels ek ris in blaumoandei stasjonearre west hat (sjoch: ''[[The Vor Game]]'').
 
Underwilens ûnderstiet Ivan By Vorrutyer oer dy syn rol oangeande de oerfal yn 'e parkeargaraazje. Dan komt út dat Richars, dy't miende dat By foar him spionearre yn it kamp fan Dono, By dy oerfal regelje litten hie; By hie lykwols in espel plysjeminsken klear stean om yn te gripen sadree't Richars syn bedoelings bewiisd wiene. Mar troch Dono syn ferrassingsbesyk oan Vorfolse, seagen de oerfallers harren kâns skoan yn dy parkeargaraazje ynstee fan op it plak dêr't de oanslach eins plakfine moatten hie. Ek jout By ta dat er al jierren in ''Imp-Sec''-agint is dy't de malkontinten ûnder de Barrayareeske hegerein yn 'e rekken hâlde moat. Troch syn op eigen manneboet útfierde aksjes yn it foardiel fan syn neef Dono is er no yn rang weromsetten, mar hy ferwachtet dat dat mar tydlik is. Ta Ivan syn skrik blike By syn kontakten mei ''ImpSec'' te ferrinnen fia syn eigen mem, frouwe Alys Vorpatril.
2.117

bewurkings