Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Link gelijk aan linktekst
Rigel 11:
Yn febrewaris 2003 naam De Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan [[Farsk|''Farsk'']], dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op it ynternet syn ienmanstydskrift Oranzjery De Kopspiker, dat er yn 2010 ferfong troch it weblog ''Seedyksterfeartfisk''. Dat wie jierrenlang it liedende Frysk-literêre blog, mei content dy't it artistyk-kulturele likegoed as it miljeu-aktivistyske debat ynformearre.
 
Begjin 2005 folge er [[Jabik Veenbaas|Jabik Veenbaas]] op as proazaresinsint by de ''Ljouwerter Krante''. Fan 2006 oant 2011 wie er útjouwer by de Friese Pers Boekerij/Noordboek. Fan 2011 ôf is er ferbûn oan it ''[[Friesch Dagblad]]'', earst as resinsjeskriuwer fan Fryske poëzij en esseeïstyske publikaasjes, ferslachjouwer fan algemien-kulturele ûnderwerpen en kollumnist fan de wyklikse kollum "Skroeier", en fan 2014 ôf ek as einredakteur fan it ''Friesch Dagblad''.
 
Yn 2015 rjochte De Vries, tegearre mei Friduwih Riemersma, it literêre tydskrift [[Fers2|''Fers2'']] op, in digitaal platfoarm foar krityske, ûnôfhinklike literatuer en radikaal literatuerûndersyk.