Safary: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
 
==De safary-yndustry==
Tsjintwurdich is de safary-yndustry in wichtich ûnderdiel fan 'e [[ekonomy]] fan in grut tal Afrikaanske lannen, fral yn [[Kenia]], [[Tanzania]], [[Súd-Afrika]] en [[Namybje]], mar ek yn [[Botswana]], [[Simbabwe]], [[Sambia]], [[OegandaUganda]], [[Rûanda]], [[Etioopje]] en de [[Demokratyske Republyk Kongo]]. Der wurde no ferskate soarten safarys oanbean, lykas guon wêrby't men eltse jûn weromkeart nei in ''lodge'', oftewol in [[hotel]] dat yn prinsipe fan alle gemakken foarsjoen is, en mobile safarys, wêrby't de toeristen har yn motorisearre fiertugen ferpleatse en nachts in tintekamp opslaan. Ek is it mooglik om foar ien dei op safary te gean, en teffens besteane der saneamde "loftsafarys", wêrby't men de natoer út in [[fleantúch]]je, [[helikopter]] of [[hjitte-loftballon]] wei bewûnderje kin.
 
Yn alle gefallen wurde de toeristen begelaat troch treende en ornaris mei [[jachtgewear]]en bewapene [[gids (berop)|gidsen]], dy't de taak hawwe om derfoar te soargjen dat de safarygongers net te nau yn 'e kunde komme mei de pleatslike fauna. Likegoed is in safary net sûnder gefaren, want men hat op 't lêst te krijen mei wylde bisten. Sadwaande dogge har dochs geregeldwei ûngelokken foar, faak troch stomme pech, mar soms ek om't de toeristen har net oan 'e regels hâlde.