Ferskil tusken ferzjes fan "Sittende Bolle"

L
[[]]
L ([[]])
| webside =
}}
'''Sittende Bolle''' ([[Lakota (taal)|Lakota]]: '''Tȟatȟáŋka Íyotake''', útspr.: [tˣa'tˣã:ka i:jo'take]; [[Ingelsk]]e oersetting: '''Sitting Bull'''; oan 'e [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]] ([[Súd-Dakota]]), ±[[1831]] – dêre, [[15 desimber]] [[1890]]), wie yn 'e lêste helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] in wrâldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk yn it midnoarden fan 'e [[Feriene Steaten]]. Yn [[1876]] stied er oan it haad fan 'e koälysje fan Sû-, [[Sjajinnen|Sjajinne-]] en [[Arapaho (folk)|Arapaho]]-krigers dy't yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]] deit [[Amerikaanske 7de7e KavaleryKavaleryregimint]] fan generaal[[luitenenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er der troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft útwike nei [[Kanada]] ta. Nei't er him yn [[1881]] oerjûn hie, makke er in hoartsje diel út fan 'e Wyldwestshow fan syn freon [[Buffalo Bill]], en toerde er dêrmei troch Amearika. Yn [[1890]], doe't de nije [[religy]] fan 'e [[geastedûns]] ûnder de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him dêrby jaan soe. Men besocht him doe te arrestearjen, mar by de wrakseling dy't dêrby ûntstie, waard er yn 'e holle sketten, wêrnei't er stoar.
 
== Jonkheid ==
[[Ofbyld:Little bighorn memorial overview with clouds.jpg|left|thumb|300px|It slachfjild oan 'e [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]].]]
 
Nei't op [[1 jannewaris]] [[1876]] de Grutte Sû-Oarloch útbriek mei't it Amerikaanske leger doe de fersille Yndianetroepkes bûten de reservaten begûn oan te fallen, joegen almar mear dêrfan har by Sittende Bolle syn troep. Under harren wiene net inkeld Sû, mar ek in protte Noardlike Sjajinnen en guon Noardlike Arapaho. Ek út 'e reservaten kamen mear as 2.000 krigers om har by him oan te sluten. Uteinlik woeks Sittende Bolle syn doarp, oan 'e rivier de [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]], tsjin 'e ein fan 'e maityd oan ta in grutte fan nei skatting mear as 10.000 minsken. It lân koe sa'n grutte kloft folk net drage, en der waard besletten om it kamp op te spjalten yn in stikmannich lytsere groepen. Ear't se útinoar gean koene, knoffele lykwols op [[25 juny]] [[1876]] it [[Amerikaanske 7de Regimint Kavalery|Amerikaanske 7de7e Kavaleryregimint]], ûnder generaal[[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]], tsjin it doarp oan.
 
Custer hie gjin idee hoe grut oft it doarp wie, mar wachte net om dat út te finen. Ynstee foel er daliks oan. In wike foartiid hie Sittende Bolle fannijs it ôfgryslike ritueel fan 'e sinnedûns ûndergien, wêrby't er dagenlang [[fêstjen|fêste]] en mear as hûndert stikjes fleis út syn earms opoffere hie. Yn it fizioen dat er doe krigen hie, hied er sjoen hoe't Amerikaanske soldaten deade waarden wylst se besochten en kring it kamp yn. Dêrmei hied er syn status as geastlik liedsman nochris befêstige, en yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]] focht er dan sels ek net mei; hy brocht de tiid yn meditaasje en [[gebed]] troch. De Lakota-, Sjajinske en Arapaho-krigers, ûnder lieding fan opperhaden as [[Mâl Hynder]], [[Gal (opperhaad)|Gal]] en [[Twa Moannen]], fochten fûleindich werom doe't Custer syn oanfal kaam, fuortsterke troch it tsjin dy tiid rûnom bekende fizioen fan Sittende Bolle. Troch de grutte fan it doarp die bliken dat Custer syn soldaten slim yn 'e minderheid wiene. De soldaten waarden weromkrongen nei in stikmannich heuveltoppen yn 'e neite fan it kamp, dêr't it grutste part fan it regimint, dat troch Custer sels oanfierd waard, besingele rekke en oant de lêste man omkaam.