Frankenthal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Stêd mei flagge| Ofbyld= 300px | Flagge= | Wapen= 60px | Ynwennertal= 47.727 <small>(31-12-2014)</smal...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 jun 2016 om 10.05

Frankenthal is in Kreisfreie Stadt yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd leit yn it noardeasten fan de Palts-regio tusken de stêden Worms en Ludwigshafen.

Frankenthal
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Sifers
Ynwennertal 47.727 (31-12-2014)
Oerflak 43,76 km²
Befolkingstichtens 1.091 /km²
Hichte 96 m.
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.frankenthal.de

Skiednis

 
Frankenthal-fêsting

Frankenthal wurdt foar it earst yn 722 yn in dokumint fan it kleaster Lorsch neamd. Yn 1119 waard hjir in Augustynsk kleaster boud. De oerbliuwsels fan dit kleaster binne noch jimmeroan te sjen yn it sintrum fan de stêd en wurde nei de stichter fan it kleaster Erkenbertruine neamd. It kleaster droech by oan de ûntjouwing fan Frankentahl en de omkriten.

De twadde helte fan de 16e iuw brocht Frankenthal flechtlingen út Flaanderen, dy't om harren kalvinistyske leauwen it lân ferlitte moasten en mei help fan karfoarst Freark III fan de Palts de sûnt de reformaasje lege kleastergebouwen krigen. De flechtlingen wiene oer it generaal warber en keunstsinnich en brochten it plak ta fierdere ûntjouwing. In soad flechtlingen wiene hannelslju, wevers, edelsmeden en keunstners. Hja stiften in skilderskoalle, dy't bekendhyd krige ûnder de namme Frankenthaler Malerschule, wêrby't ferneamde lânskipskilders lykas Gillis van Coninxloo en Pieter Schoubroeck oansletten wiene.[1]. Op 29 oktober 1577 waard de hurd groeiende mienskip beleanne mei stedsrjochten.

Yn de 16e en 17e iuw waard Frankenhal útboud ta in fêsting. Dêrmei krige de stêd ek in rol yn de Tritichjierrige Kriich en de Njoggenjierrige Kriich. Yn septimber 1689 waard de stêd troch de Frânsen yn de brân stutsen en hast folslein ferneatige. Der folge wer in opbou fan de stêd en der ûnstiene yn de 18e iuw mear as 20 fabriken. Fan grut belang wie de yn 1755 oprjochte Frankenthaler Porzellanmanufaktur'. It diggelguod fan dizze fabryk is hjoeddedei yn tal fan musea oer de hiele wrâld te finen.

In nije stimulâns krige de stêd mei de yndustrialisaasje yn de 19e iuw en Frankenthal waard no in wichtich sintrum fan metaalferwurkjende yndustry.

Yn de Twadde Wrâldkriich ferlear de stêd tidens it bombardemint fan 1943 in grut part fan de âlde barokke bebouwing.[2]

Persoanen

Ôfbylden

Keppeling om utens

 
Rynlân-Palts
 
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise
Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte
Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]