Marteling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 8:
 
==Skiednis==
[[File:Ag-dog.jpg|thumb|Tramtearring troch Amerikaanske militêren yn de Abu Ghraib-finzenis, [[Irak]], 2005]]
Yn it ferline wie marteling yn alle lannen in hiel normale foarm fan [[wet]]shanthavening, sawol as ûnderdiel fan ûnderfreging troch de autoriteiten fan lju dy't fan in [[misdriuw]] fertocht waarden, as by it útfieren [[terjochtstelling]]s. Dêr kaam ûnder de [[Ferljochting]] stadichoan in ein oan. Hjoed de dei is marteling ferbean ûnder de [[ynternasjonale wetjouwing]], sa't dy om 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] ûntwikkele is, en teffens ûnder de eigen [[wet]]ten fan 'e measte lannen. It wurdt beskôge as in ynbrek op 'e [[minskerjochten]] en wurdt mei safolle wurden as ûnakseptabel ferklearre ûnder kêst 5 fan 'e [[Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske]].