Marteling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 6:
 
Marteling kin de bedoeling hawwe om op [[moard]] út te rinnen, bgl. as it in ûnderdiel fan 'e [[deastraf]] is, sa't eartiid faak it gefal wie by publike [[terjochtstelling]]s. Yn sokke gefallen binne/wiene martelpraktiken faak ûntwurpen om it lijen fan it slachtoffer sa lang mooglik op te rekken. Mar ek martelpraktiken wêrby't de dea fan it slachtoffer net it doel is (of, by ûnderfreging, it tsjinstelde fan it doel is), kin soks wol deeglik op in moard útrinne, bgl. om't de fysike steat fan it slachtoffer de marteldogger neat skele kin, om't de marteldogger (yn it gefal fan ûnderfreging) te fier giet yn syn besykjen om 'e wjerstân fan 'e slachtoffer te brekken, of om't it slachtoffer in besteande mar by de marteldogger ûnbekende oandwaning hat, lykas in [[hert]]kwaal, dy't him/har kwetsberder foar sa'n behanneling makket. Oan 'e oare kant binne guon foarmen fan marteling ûntwurpen om inkeld [[psychologyske pine]] ta te bringen of sa min mooglik fysyk bewiis nei te litten.
[[File:Ag-dog.jpg|thumb|left|240px|Tramtearring troch [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] militêren[[militêr]]en yn de [[Abu Ghraib-finzenis]], [[Irak]], ([[2005]]).]]
 
==Skiednis==
[[File:Ag-dog.jpg|thumb|Tramtearring troch Amerikaanske militêren yn de Abu Ghraib-finzenis, [[Irak]], 2005]]
Yn it ferline wie marteling yn alle lannen in hiel normale foarm fan [[wet]]shanthavening, sawol as ûnderdiel fan ûnderfreging troch de autoriteiten fan lju dy't fan in [[misdriuw]] fertocht waarden, as by it útfieren [[terjochtstelling]]s. Dêr kaam ûnder de [[Ferljochting]] stadichoan in ein oan. Hjoed de dei is marteling ferbean ûnder de [[ynternasjonale wetjouwing]], sa't dy om 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] ûntwikkele is, en teffens ûnder de eigen [[wet]]ten fan 'e measte lannen. It wurdt beskôge as in ynbrek op 'e [[minskerjochten]] en wurdt mei safolle wurden as ûnakseptabel ferklearre ûnder kêst 5 fan 'e [[Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske]].