MINK: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page MINK (Fryske band) to MINK over redirect: Ik hie net troch dat Wikipedy ûnderskie makket tusken lytse en haadletters; dus dizze side kin werom nei MINK
L red
Rigel 1:
'''MINK''' is in Fryske band dy't yn [[2009]] bestiet út gitarist Eelco Engelsma en sjongster Minke Adema.
 
Minke Adema begûn har karriêre yn de tachtiger jierren by rockfeesten en song die mei fewrskateferskate bands. Nei it sjongen op ûnder oare bikerfeesten begûn se yn de njoggentiger jierren mei har freon Eelco Engelsma oan it komponearjen fan stevige [[Rockmuzyk|rocksongs]]. Stadichoan ûntstie de fêste band Mink mei muzikanten Klaas Bos, Mark Maas, Erik Hof, Mark Hofman en Jeroen Seinstra. De single ''Nim My Mei'' ferskynde. Yn 2005 waard de lifeband Mink ûntdekt troch [[Willem van Kooten]] en de single ''Searching'' ferskynde, opnomd yn de studios fan [[Syb van der Ploeg]] en [[Nico Outhuyse]]. Eelco heakke ôf, mar de band wûn mei it album ''Burning Photographs'' yn 2005 de Arrow Classic Rock Award. Minke waard dat jier ek bekend op de waadeilannen mei de Horizontoer.
 
Van Kooten woe in twadde album mei Maaike as solo-artyste, mar hja fûn mear foldwaning yn it wurkjen mei de band en wegere. Oare bandleden ferskynden: Jan Koster (Sleeze Beez, Highway Chile, Jetland en oaû.o. producer Dylana Smith en Suburbs.). Mei songs fan gitarist Kevin Hissink (Intwine) en muzikanten Michel Verschie, Leendert Haaksma, Hans Eijkenaar en Okky Huysdens waard it twadde album útbrocht. Mark en Erik koenen har net fine yn de songs fan Koster en stapten op, in heal jier letter folgen Jeroen en Mark (toetsen). Mei bassist Klaas Bos, Guido v/d Camp (toetsenist) Maikel Simmerling (drummer) Wietze Koning (lead gitaar) en Peter Krako (slachgitaar) makkeemakke Maaike in trochstart.
 
De band spiletspile dêrnei as support fan de [[Golden Earring]], [[Van Dik Hout]] en [[Di-Rect]]. Yn 2008 folgje in konsert mei Bert Heerink (Vandenberg, Kayak) en in optreden mei it orkest De Glasblazers. Op youtube ferskynden mear en mear clips en wie Mink 7x te sjen as 'Fryske jakhals' yn de [[Fryske Top 100]] fan [[Omrop Fryslân]] ein [[2008]].
 
Sjongster Minke keas mei Eelco Engelsma foar in weromgean nei it begjin en treedttrede yn 2009 op yn de [[Fryske Music Night]].
== Diskografy ==
=== Albums ===