Ommelânske Seedyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: De '''Ommelânske Seedyk''' (''Ommelanderzeedijk'') is de namme fan de seedyk de Noard-Grinslanner kust by lâns. De namme ferwiist nei de Ommelannen, it gebiet...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 4 jun 2016 om 17.52

De Ommelânske Seedyk (Ommelanderzeedijk) is de namme fan de seedyk de Noard-Grinslanner kust by lâns.

De namme ferwiist nei de Ommelannen, it gebiet dat troch de dyk beskerme wurdt. It gebiet is part fan dykring 6. De dyk rint fan de Nije Steatesyl oant Lauwerseach ta en is yn de jierren 80 op delta-hichte brocht.

Meidat Grinslân mar ien seedyk hat, is der yn de deistige praktyk einegentlik gjin ferlet fan in eigen namme, dêrfandinne dat de namme hast net bekend is.

Wetterskip

Ommelannerseedyk is ek de namme fan it eardere dykwetterskip dat yn 1995 opgien is yn de wetterskippen Noardersylfest en Hunze en Aa's.