Inkele Hoarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 26:
Syn heit wie it opperhaad [[Swarte Bizon]], en syn mem hiet fan Wite Ko. [[Ald Opperhaad Smook]] wie syn omke oan memmekant, en de ferneamde Lakota-oarlochslieder [[Mâl Hynder]] wie syn omkesizzer.
 
Inkele Hoarn wie ien fan 'e opperhaden dy't yn [[1868]] it twadde [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]] ûndertekenen, dat in ein makke oan 'e [[Oarloch fan Reade Wolk]] en de Lakota it [[Grutte Sû Reservaat]] taparte. Mei [[Reade Wolk]], fan 'e [[Oglala]], en [[Bûnte Sturt]], fan 'e [[Brulee]], reizge er yn [[1875]] alhiel nei it fiere [[Washington, D.C.|Washington]] ta om der by presidint [[Ulysses S. Grant]] op oan te stean dat de [[Feriene Steaten|Amerikanen]] de ferdraggen neikomme soene. Harren missy wie lykwols om 'e nocht, en it jiers dêrop briek de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] út, dy't einigje soe mei de definitive nederlaach fan 'e Lakota. Inkele Hoarn ferstoar yn [[1877]] oan natuerlike oarsaken yn 'e neite fan [[Bear Butte]], yn Súd-Dakota.
 
Hy hie fjouwer soannen: [[Bûnte Wapity]], [[Kromme Noas (Lakota)|Kromme Noas]] (''Roman Nose''; net te betiizjen mei de [[Sjajinnen|Sjajinske]] kriger [[Kromme Noas|mei deselde namme]]), [[Kikkert (opperhaad)|Kikkert]] en [[Reitsje-de-Wolkens-Oan]], dy't elk lieder fan in Minnikonzjû-troep waarden. Bûnte Wapity, net Inkele Hoarn syn biologyske soan mar in oannommen-ien, kaam yn [[1890]] mei hast trijehûndert oaren om by it kwea ferneamde [[Bloedbad fan Wounded Knee]].
Rigel 36:
[[Kategory:Persoan fan Sû-komôf]]
[[Kategory:Yndiaansk lieder]]
[[Kategory:WyldePersoan Westenyn de Oarloch fan Reade Wolk]]