Germaanske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Oerlevering: korr. kepp.
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 45:
* De [[Westgermaanske talen|Westgermaanske taalkloft]] omfettet de grutste hjoeddeiske Germaanske talen: it [[Ingelsk]] en it [[Dútsk]]. Ek it [[Nederlânsk]], [[Afrikaansk]], [[Jiddysk]], [[Nederdútsk]]/[[Nedersaksysk]], [[Skotsk]], [[Lúksemboarchsk]], [[Limboarchsk]], [[Frysk]], [[Noardfrysk]] en [[Sealterfrysk]] meitsje der diel fan út. Dizze taalkloft hat him oer de hiele wrâld ferspraat, benammen yn 'e foarm fan it Ingelsk.
* De [[Noardgermaanske talen|Noardgermaanske taalkloft]] is foar it meastepart beheind bleaun ta [[Skandinaavje]] (en [[Grienlân]]). De grutste taal is it [[Sweedsk]]. Ek it [[Deensk]], [[Noarsk]], [[Yslânsk]], [[Fêreusk]] (fan 'e [[Fêreu-eilannen]]), [[Skânsk]] (fan súdlik [[Sweden]]), [[Jutsk]] (fan it westlik [[Denemark]]), [[Elfdelstersk]] (fan sintraal Sweden) en it útstoarne [[Norn]] (fan 'e [[Orkney-eilannen|Orkney]] en [[Sjetlâneilannen]]) hearre derta.
* De [[Eastgermaanske talen]] binne hast allegearre foar de ein fan it earste milennium al útstoarn. Allinnich it [[Goatysk]] is yn skreaune foarm oerlevere. It [[Krimgoatysk]], dat sprutsen waard troch in oerbliuwsel fan 'e Goaten dat him troch de iuwen hanthavenje kinnen hie op it skiereilân de [[Krim]], yn it suden fan 'e [[OekraïneUkraïne]], stoar as lêste fan dizze taalkloft út, yn 'e [[achttjinde iuw]].
 
== Taalferliking ==