Servje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
Yn Jeropa leit Servje op it [[Balkan (skiereilân)|Balkan]] en op de [[Pannonyske flakte]]. It lân leit op in krúspunt tusken [[Sintraal-Jeropa]], [[Súd-Jeropa]] en [[East-Jeropa]].
 
De [[Donau]] (2850 km) streamt troch it noardlike diel fan it lân en is yn dit part fan Jeropa 588 km lang. De rivier [[Sava]], dy't ûntspringt yn [[Sloveenje]], mûnet út yn de Donau yn [[Belgrado]]. Sechtich kilometer benoarden Belgrado streamt de [[Tisa]] rivier yn de Donau en beëiniget har 1350 km lange wei fanút de [[OekraïneUkraïne]]. De foar in part te befarren rivier [[Timiş]], streamt tagelyk yn de Donau tichtby de Servyske stêd [[Pančevo]]. De rivier de [[Begej]] (254 km) fermingt him mei de Tisa tichtby it stedsje [[Titel (Servje)|Titel]]. Alle fiif rivieren binne te befarren; hja ferbine it lân mei it 'noarden, westen' fan Jeropa (troch middel fan it [[Ryn-Main-Donau Kanaal]] mei ''East-Jeropa'' (fia de Tisa, Tamis, Begej en Donau - [[Swarte See]] rûtes) nei ''Súd-Jeropa'' (fia de Sava rivier).
[[Ofbyld:Serbia mountain ranges.png|thumb|right|270px|Berchkettens en rivieren yn Servje]]