Kâlde Kriich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
== Skiednis ==
=== Jalta en Potsdam ===
Oan 'e ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] fûn yn de [[OekraïneUkraïne]] de [[Konferinsje fan Jalta]] plak. Dêr petearden de trije lieders fan de machtichste lannen [[Winston Churchill]] (Grut-Brittanje), [[Franklin Roosevelt]] (Feriene Steaten) en [[Jozef Stalin]] (Sowjetuny) oer de takomst fan Jeropa. Wilens dy konferinsje hiene de dielnimmers al spul meiïnoar, omdat it eigen foech foar East-Jeropeeske lannen al faai stie. Fuortendaliks nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich begûn de Kâlde Kriich.
 
Nei de Twadde Wrâldkriich waard der op 8 maaie 1945 in twadde konferinsje, diskear yn de Dútske stêd [[Potsdam]]. Hja sprieken dêr oer de takomst fan Dútslân. Se wienen it gau iens oer it denazifisearjen en demilitarisearjen fan Dútslân. De herstelbettelings wienen in tûkelteam. De Feriene Steaten woenen net dat Dútslân tefolle betelje moast, omdat it de Jeropeeske ekonomy skansearje soe. De Feriene Steaten wienen fan betinken dat minsken dy't yn in lân mei in goeie ekonomy libje, net gau foar it [[kommunisme]] kieze soene. Elts allieard lân krige in kontrôlesône en koe dêr sels guod weromhelje as herstelbetellings. Presidint [[Harry S. Truman]] kaam yn it stee foar Roosevelt dy't ferstoarn wie. Churchill yn 't earstoan wol mei, mar nei de ferkiezingsoerwinning fan de Labour-Partij kaam [[Clement Attlee]] foar him yn it plak.