Helen Duval: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 20:
Helen Duval sette útein mei har karriêre yn 'e pornoyndustry as kollumskriuwster foar it Nederlânske pornobledsje ''[[Tuk]]''. Oan har kollums, dy't se skreau ûnder de namme "Helena", foege se eroatyske foto's fan harsels ta, dy't geandewei eksplisiter waarden. Se makke har debút yn in [[pornografyske film]] yn [[1993]], nei't se yn 'e kunde kommen wie mei de [[Dútslân|Dútske]] pornoprodusint [[Hans Moser]] (better bekend ûnder syn artystenamme [[Sascha Alexander]]). Dêrby naam se de namme "Helen Duval" oan, om't dat ynternasjonaler klonk.
 
Duval har trochbraak as pornostjer kaam yn [[1994]] mei har optreden yn ''Private Video Magazine #7''. Sûnt spile se yn 55 films, foar labels as ''[[Private (filmstudio)|Private]]'', ''[[Sascha Alexander Productions]]'', ''[[Sarah Young Communications]]'', ''[[VCA Pictures]]'' en ''Blue Coyote Pictures''. Har lêste rol wie yn 'e film ''Ice & Fire'', út [[2003]]. Njonken har aktearwurk wie se ek aktyf as [[pornografy|produsinte]] en [[regisseur]] fan guon pornofilms mei har studio [[Helen Duval Entertainment]].
 
==Keppelings om utens==