Eastersk-otterdoksy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L Bewurkings fan "Yn 'e Wâlden" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "PiefPafPier".
Rigel 1:
[[Ofbyld:St Basils Cathedral-500px.jpg|thumb|250px|De [[Pokrov- of Basiliuskatedraal]] fan 'e [[Russysk-Otterdokse Tsjerke]], yn [[Moskou]].]]
De '''eastersk-otterdoksy''', ek wol wat misliedend de '''Eastersk-Otterdokse Tsjerke''' neamd, of, wat korrekter, de '''eastersk-otterdokse tsjerken''', is ien fan 'e fiif haadstreamings binnen it [[kristendom]], mei 225 oant 300 miljoen leauwenden wrâldwiid, mar konsintrearre yn [[East-Jeropa]], op 'e [[Balkan]] en yn it [[Midden-Easten]]. De eastersk-otterdoksy wurdt beliden troch de mearderheid fan 'e (religieuze) ynwenners fan [[Abgaazje]], [[Bulgarije]], [[Georgje]], [[Grikelân]], [[Masedoanje]], [[Moldaavje]], [[Montenegro]], de [[UkraïneOekraïne]], [[Roemeenje]], [[Ruslân]], [[Servje]], [[Syprus]], [[Súd-Osseesje]], [[Transnistrje]] en [[Wyt-Ruslân]], wylst der wichtige eastersk-otterdokse minderheden besteane yn [[Albaanje]], [[Bosnje-Hertsegovina]], [[Egypte]], [[Estlân]], [[Finlân]], [[Irak]], [[Israel]], [[Kazachstan]], [[Kosovo]], [[Kroaasje]], [[Letlân]], [[Libanon]], [[Litouwen]], de [[Palestina|Palestynske gebieten]], [[Poalen]], [[Syrje]], [[Slowakije]], [[Tsjechje]] en [[Turkije]].
 
De eastersk-otterdoksy, dy't ta it [[eastersk kristendom]] heart, wurdt opmakke út in hiele rige fan tsjerkegenoatskippen, elkmis geografysk en nasjonaal ûnderskaat, mar [[teology]]sk feriene yn 'e saneamde '''Eastersk-Otterdokse Kommuny'''. De selsbestjoerende ([[autosefaal|autosefale]]) tsjerken falle faak gear mei ien lân en folk (lykas de [[Russysk-Otterdokse Tsjerke]], de [[Georgysk-Otterdokse Tsjerke]] en de [[Servysk-Otterdokse Tsjerke]]), en wurde bestjoerd troch in komitee fan biskoppen dat de Hillige Synoade neamd wurdt. De leden fan sa'n Hillige Synoade kieze út harren fermidden ien as symboalyske earste ûnder syn gelikensens, dy't (alteast yn 'e gruttere tsjerken) de titel fan '[[patriarch]]' kriget. De measte eastersk-otterdokse tsjerken erkenne de oekumenyske patriarch fan Konstantinopel as it symboalysk haad fan 'e hiele eastersk-otterdoksy.
Rigel 32:
** de autonome [[Japansk-Otterdokse Tsjerke]]
** de autonome [[Otterdokse Tsjerke fan Sina]] ''(opheft)''
** de autonome [[UkraynskOekraynsk-Otterdokse Tsjerke (Moskousk Patriargaat)]]
** de autosefale [[Moldavysk-Otterdokse Tsjerke]]
** de autosefale [[Letsk-Otterdokse Tsjerke]]
Rigel 58:
* de [[Montenegrynsk-Otterdokse Tsjerke]]
* de [[Hillige Otterdokse Tsjerke yn Noard-Amearika]]
* de [[UkraynskOekraynsk-Otterdokse Tsjerke (Kiëvysk Patriargaat)]]
* de [[UkraynskeOekraynske Autosefale Otterdokse Tsjerke]]
* de [[Oekraynske Autosefale Otterdokse Kanonike Tsjerke|Ukraynske Autosefale Otterdokse Kanonike Tsjerke]]
* de [[Russyske Wiere Otterdokse Tsjerke]]
* de [[Turksk-Otterdokse Tsjerke]]