Minnistedútsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L Bewurkings fan "Yn 'e Wâlden" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "PiefPafPier".
Rigel 84:
It Minnistedútsk is ûntstien út it [[Nederdútsk]] dat sprutsen waard yn 'e minnistyske mienskippen dy't harren fan 'e sechstjinde iuw ôf oan 'e rivier de [[Weichsel]] yn it hjoeddeiske [[Poalen]] fêstigen. Dy [[minnisten]] wienen religieuze flechtlingen, dy't yn 'e [[Nederlannen]] en it [[Dútske Ryk]] ferfolge waarden om't se oanhingers wienen fan 'e ferneamde [[Fryslân|Fryske]] tsjerkeherfoarmer [[Minne Simens]].
 
Fan [[1787]] ôf, doe't harren wengebiet yn 'e hannen kaam fan it keninkryk [[Prusen]], teagen se fierder nei it easten ta en fêstigen se koloanjes oan 'e kust fan 'e [[Swarte See]], yn wat tsjintwurdich de [[UkraïneOekraïne]] is, yn in gebiet dat ûntfolke wie trochdat [[Ruslân]] it doe krekt ferovere hie op 'e [[Turken]]. Fan [[1874]] ôf, doe't se ek yn [[Ruslân]] ferfolge waarden foar harren leauwe, emigrearren withoefolle fan harren nei [[Kanada]], de [[Feriene Steaten]] en lannen yn [[Súd-Amearika]].
 
De minnisten dy't yn 'e [[UkraïneOekraïne]] efterbleauwen, waarden yn [[1941]] mei de oare [[Ruslândútsers]] nei [[Sibearje]] en [[Sintraal-Aazje]] deportearre. Sûnt de fal fan it [[kommunisme]] en it útinoarfallen fan 'e [[Sowjetuny]] yn [[1991]] is it meastepart fan harren nei [[Dútslân]] emigrearre.
 
== Keppeling om utens ==