Emir: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L Bewurkings fan "Yn 'e Wâlden" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Rigel 1:
In '''emir''' of '''emier''' (de klam kin op beide [[wurdlid]]den lizze) is in [[aristokrasy|aristokratyske]] of [[adel|aadlike titel]] dy't oarspronklik út it [[Arabysk]] komt, mar troch de fersprieding fan 'e [[islaam]] ek yn oare dielen fan 'e wrâld brûkt wurdt of waard, wêrûnder [[Sintraal-Aazje]] (spesifyk [[Afganistan]]) en [[West-Afrika]]. Emir komt fan it wurd أمير, ''’amīr'' (útspr.: [ʔæ'mi:r], likernôch "emmier"), dat tsjintwurdich yn 'e regel de betsjutting fan "[[prins]]" hat, hoewol't it foarhinne likegoed "kommandant" of "[[generaal]]" betsjutte koe. It komt fuort út 'e Arabyske woartel ''a-m-r'', dat "befel" betsjut. It wurd 'emir' krong oan 'e ein fan 'e [[Midsiuwen]] it [[Frânsk]] binnen 'e foarm ''émir''; dêrwei fersprate it him oer frijwol alle oare [[Jeropa|Jeropeeske]] [[taal|talen]]. De [[frou]]like foarm fan 'emir' is '''emiera''' (fan it Arabyske أميرة, ''’amīraẗ''); it gebiet fan in emir is in '''emiraat''', dat yn prinsipe itselde is as in [[soevereiniteit|soeverein]] [[prinsdom]] of [[foarstedom]] yn 'e lânseigen Jeropeeske terminology. Hjoed oan 'e dei is 'emir' de titel fan 'e hearskers fan [[KûweitKoeweit]] en [[Katar]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=