Yndo-Jeropeeske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L Bewurkings fan "Yn 'e Wâlden" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "PiefPafPier".
Rigel 18:
==Stúdzje==
=== Untdekking ===
De mooglikheid dat guon fan 'e Yndo-Jeropeeske talen in mienskiplike ôfstamming hiene, waard foar it earst yn [[1647]] oppenearre troch de [[Nederlân]]ske [[wittenskipper]] [[Marcus Zuerius van Boxhorn]]. Dy stelde foar dat se harren út it [[Skytysk]] ûntjûn hiene, in taal dy't yn 'e [[Aldheid]] sprutsen waard troch [[nomade]]n, op 'e [[steppe]]n fan wat no de [[UkraïneOekraïne]] is. Hy hie ynsafier gelyk, dat it Skytysk in [[Iraanske talen|Iraanske taal]] wie, dy't ek ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje hearde. Syn teory waard yn syn tiid lykwols sa goed as gjin omtinken oan jûn.
[[File:Franz Bopp (2).jpg|thumb|right|200px|[[Franz Bopp]], waans systematysk taalûndersyk oft it bestean fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje bewiisde.]]
 
Rigel 35:
In oar grut en fierrikkend ferskil tusken de Kurgan-hypoteze en de Anatoalyske teory is de posysje fan 'e [[Anatoalyske talen]], in útstoarne taalkloft mei as wichtichste en bekendste taal it [[Hettitysk]]. Neffens de Kurgan-hypoteze foarmet dy groep gewoan in ûnderdiel fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Mar de (noch altyd kontroversjele) teory fan Renfrew wol hawwe dat it Hettitysk en it Proto-Yndo-Jeropeesk op ien hichte stiene – sustertalen wiene – en fuortkamen út in mienskiplike oarsprong, in taal dy't it [[Proto-Yndo-Hettitysk]] neamd wurdt (tink derom, dit is mar in teory; it is net wis oft dy taal wol ea bestien hat).
 
Der besteane noch mear teoryen, mar dy binne minder ynfloedryk. Sa wolle guon hawwe dat de ''Urheimat'' fan 'e Yndo-Jeropeänen it noardwesten fan it tsjintwurdige [[Iraan]] wie, it gebiet om 'e [[Urmiamar]] hinne. Oaren leauwe dat se út it gebiet kamen dat no de [[See fan Azov]] foarmet, beëasten it [[UkraïneOekraïne|UkraynskeOekraynske]] [[skiereilân]] de [[Krim]], en dat de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske folken in drekt gefolch wie fan it derûnderstrûpen fan dat lân om 5.600 f.Kr. hinne. Wer oaren hawwe yn it ferline teoryen foarsteld dy't harren eigen nasjonale of [[nasjonalisme|nasjonalistyske]] belangen it bêste tsjinnen.
 
== Underferdieling ==
Rigel 48:
::Dizze talen binne fan 'e [[fjirtjinde iuw]] ôf oerlevere en hawwe in ûngewoan soad argayske skaaimerken fan it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]] beholden. It [[Litousk]], [[Letsk]], [[Samogitysk]] en [[Latgaalsk]] wurde hjoed de dei noch sprutsen, wylst it [[Koerlânsk]] op it rântsje fan it útstjerren balansearret. Utstoarne talen binne û.m. it [[Aldprusysk]], [[Sûdovysk]], [[Seloansk]] en [[Semigallysk]].
:* de [[Slavyske talen]]
::It [[Aldtsjerkeslavysk]], no in [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]], is oerlevere fan 'e [[njoggende iuw]] ôf. Oare útstoarne talen binne û.m. it [[Aldnovgorodsk]], de taal fan [[Midsiuwen|Midsiuwsk]] noardlik [[Ruslân]], dy't letter ferkrongen is troch it Russysk, en it [[Polabysk]], dat foarhinne yn noardeastlik [[Dútslân]] sprutsen waard. De wichtichste libbene talen binne: it [[Russysk]], [[UkraynskOekraynsk]], [[Poalsk]], [[Tsjechysk]], [[Servysk]], [[Bulgaarsk]], [[Wytrussysk]], [[Slowaaksk]], [[Kroätysk]], [[Sloveensk]], [[Masedoanysk]], [[Bosnysk]], [[Montenegrynsk]], [[Roeteensk]], [[Silezysk]], [[Sorbysk]] en [[Kasjûbysk]].
* de [[Germaanske talen]]
:De ierst oerlevere ynskripsje datearret út 'e [[twadde iuw f. Kr.]], wylst de earste oerlevere tekst de Goatyske [[Bibel]]oersetting út 'e [[fjirde iuw]] is. Njonken it no útstoarne [[Goatysk]] binne de wichtichste talen: it [[Ingelsk]], [[Dútsk]], [[Nederlânsk]], [[Sweedsk]], [[Afrikaansk]], [[Deensk]], [[Noarsk]], [[Lúksemboarchsk]], [[Yslânsk]] en [[Fêreusk]]. Oare talen binne û.m.: it [[Nederdútsk]]/[[Nedersaksysk]], [[Jiddysk]], [[Skotsk]], [[Frysk]], [[Limboarchsk]], [[Noardfrysk]], [[Sealterfrysk]], [[Skânsk]] en [[Elfdelstersk]].