Oarloch fan Reade Wolk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L (GR) File renamed: File:Red cloud and other souix.jpgFile:Red Cloud and other Sioux.jpg File renaming criterion #3: To correct obvious errors in file names, including misspelled [[c::en:Noun#Prope...
Rigel 64:
 
Generaal [[Ulysses S. Grant]], de stêfsjef fan it Amerikaanske Leger, naam gjin genoegen mei de opoffering fan Carrington en sei ek generaal Cook de wacht oan. Letter diene sawol it Amerikaanske Leger as it [[Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken]] ûndersyk nei de gong fan saken oangeande it Fetterman-bloedbad; it ûndersyk fan it leger koe net ta konkúzjes komme, mar it ûndersyk fan Binnenlânske Saken spriek Carrington frij fan blaam. Underwilens hie de winterkjeld in ein makke oan 'e gefjochtshannelings. Likegoed hiene Wessells en syn troepen it dreech yn Fort Phil Kearney, mei't der krap iten wie. In protte hynders en mûldieren stoaren de hongerdea, en ûnder de soldaten briek [[skuorbot]] út. Mei-inoar reage dat alle plannen foar in 'agressive winterkampanje' fan tafel.
[[File:Red cloudCloud and other souixSioux.jpg|right|thumb|250px|In groepsfoto fan 'e [[opperhaad|opperhaden]] fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]]. [[Reade Wolk]] is de twadde sittend fan lofts; [[Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders]] de twadde steand fan lofts.]]
 
Yn [[april]] [[1867]] setten de Yndianen útein mei oerfallen op it ferkear oer it [[Oregon Trail]] yn 'e delling fan 'e [[Noardlike Platte (rivier)|Noardlike Platte]]. Dat wie noch dêroanta, mar it Amerikaanske regear siet mear yn oer de bedriging dy't de Yndianen foarmen foar de oanlis fan it [[Earste Kontinintale Spoar]], dat troch súdlik [[Wyoming]] rinne moast. Hoewol't fersterkings nei de forten oan it Bozeman Trail stjoerd wiene en ek it garnizoen fan Fort Laramie sels fergrutte wie, hie men noch altyd de middels net om yn it offinsyf te gean tsjin 'e Yndianen. In hoartsje liek it derop dat de oarlochspartij fan 'e Lakota him nei de ûnderhannelingstafel lokje litte soe troch de bemiddeling fan it [[Brulee]]-opperhaad [[Bûnte Sturt]], dy't him ôfsidich holden hie fan 'e gefjochten, mar dat bliek úteinlik inkeld in fertragingstaktyk fan 'e Yndianen te wêzen. Yn [[july]] holden de Lakota harren jierlikse [[sinnedûns]]seremoanje, dy't it ferfetsjen fan 'e fijannichheden noch langer útstelde.