Reade Wolk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L (GR) File renamed: File:Red cloud and other souix.jpgFile:Red Cloud and other Sioux.jpg File renaming criterion #3: To correct obvious errors in file names, including misspelled [[c::en:Noun#Prope...
Rigel 36:
===Tuskenspul===
Nei de ûndertekening fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie besocht Reade Wolk om tenei yn frede te libjen mei de blanken. Yn [[1870]] besocht er [[Washington, D.C.]], dêr't er oerlei mei de [[Seneka (folk)|Seneka]]-Yndiaan [[Ely S. Parker]], de earste kommissaris fan [[Buro fan Yndiaanske Saken|Yndiaanske Saken]] dy't fan Yndiaansk komôf wie, en dêr't er ek in ûnderhâld hie mei presidint [[Ulysses S. Grant]]. Dy reis oertsjûge Reade Wolk derfan dat de blanken te machtich wiene (sawol yn oantal as wat ynfloed oanbelange) en dat de Lakota harren nea foargoed ferslaan kinne soene.
[[File:Red cloudCloud and other souixSioux.jpg|right|thumb|300px|Reade Wolk (sittend, 2de f. l.) mei oare [[Lakota (folk)|Lakota]]-lieders.]]
 
Yn [[1871]] sette er him nei wenjen by it nei him neamde [[Reade Wolk Agintskip]] (fan it [[Buro fan Yndiaanske Saken]]), oan 'e rivier de [[Platte (rivier)|Platte]], streamôf fan Fort Laramie. Neffens it ferdrach fan 1868 wiene de Yndiaansk agint en syn stêf dêre ferantwurdlik foar it wykliks útdielen fan itensrantsoenen oan 'e Oglala-Lakota, en foar it ien kear yn 't jier oerdragen fan 'e jierjilden en it replik guod dat dêr ûnderdiel fan útmakke. Mar de agint en oare oerheidsfunksjonarissen bepaalden hoefolle fan 'e jierjilden oft yn baar jild en hoefolle oft yn natuera útbetelle waard, en soms wiene de rantsoenen of de jierjilden of allebeide te let, of fan minne kwaliteit, of gewoan te min, of kamen se hielendal net, in sitewaasje dy't benammen te witen wie oan 'e ûnbidige [[korrupsje]] binnen it Buro fan Yndiaanske Saken. Hjerstmis [[1873]] waard it Reade Wolk Agintskip ferhuze nei de bopperin fan 'e [[Wite Rivier (Nebraska)|Wite Rivier]], yn noardwestlik Nebraska, dêr't Reade Wolk al gau yn konflikt kaam mei de nije Yndiaansk agint, [[John J. Saville]].