Idaho: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}

{{Amerikaanske steat
|namme = Steat Idaho
''State of Idaho''
Line 71 ⟶ 69:
De steat stiet bekend as de ''Gem State'' ("Ealstiennesteat") om't hast eltse bekende soarte [[ealstien]] der yn 'e grûn sit; sadwaande is ek de [[mynbou]] wichtich, wêrby't teffens nei [[sulver]] dold wurdt. De [[haven]] fan [[Lewiston (Idaho)|Lewiston]], op it plak dêr't de rivier de [[Clearwater (rivier yn Idaho)|Clearwater]] gearfloeit mei de [[Snake (rivier)|Snake]], is it fierste plak yn it Amerikaanske binnenlân dat troch [[skip]]pen fan 'e [[Stille Oseaan]] ôf te berikken is. Sûnt de [[1990]]-er jierren hat men besocht en wreidzje de Idahooske ekonomy út op it mêd fan [[toerisme]] en [[ynformaasjetechnology]]. De [[elektrisiteit]] fan Idaho wurdt foar 75% opwekke troch [[wetterkrêft]]sintrales.
[[File:Idaho population map.png|right|thumb|200px|[[Befolkingstichtens]] yn Idaho.]]

==Demografy==
Neffens in offisjele rûzing troch it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]]) hie Idaho yn [[2014]] 1.635.000 ynwenners, wat in groei fan 4,3% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn [[2010]]. De [[befolkingstichtens]] bedroech yn [[2014]] 7,4 minsken de km². De grutste [[stêd]] fan 'e steat is de [[haadstêd]] [[Boise (Idaho)|Boise]], mei 212.000 ynwenners yn [[2012]]. Oare gruttere stêden binne: [[Nampa (Idaho)|Nampa]] (88.000), [[Pocatello (Idaho)|Pocatello]] (61.000) en [[Idaho Falls (Idaho)|Idaho Falls]] (59.000). It grutste plakken yn 'e [[Idaho Panhandle]] binne [[Coeur d'Alene (Idaho)|Coeur d'Alene]] (46.000) en [[Lewiston (Idaho)|Lewiston]] (37.000).

===Etnisiteit===
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]] wie de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e Idahooske befolking doe sa: 77,9% [[jeropide ras|blanken]]; 11,2% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 1,4% [[Yndianen]]; 1,2% [[Aazje|Aziaten]]; 0,6% [[negroïde ras|swarten]]; 0,1% [[Polyneezje|Polyneziërs]], [[Melaneezje|Melaneziërs]] en [[Mikroneezje|Mikroneziërs]]; 7,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Blanke Idahoosters binne fierhinne fan [[Noardwest-Jeropa|Noardwest]]-, [[Midden-Jeropa|Midden]]- en [[Noard-Jeropa|Noardjeropeeske]] orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen [[Dútsers]] (18,9% fan 'e totale Idahooske befolking), [[Ingelsen]] (18,1%), [[Ieren (folk)|Ieren]] (10,0%), [[Angelsaksyske Amerikanen]] (8,4%), [[Noaren (folk)|Noaren]] (3,6%) en [[Sweden (folk)|Sweden]] (3,5%).
[[File:Autumn in Boise.jpg|left|thumb|250px|[[Hjerst]] yn [[Boise (Idaho)|Boise]].]]

Idaho omfiemet 5 [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende Yndianestammen]]. Dat binne:

● de [[Keur d'Alêne Stamme]]

● de [[Kûtenai Stamme fan Idaho]]

● de [[Nez Persé Stamme fan Idaho]]

● de [[Sjosjoanske en Bannock Stammen fan it Fort Hall Reservaat fan Idaho]]

● de [[Sjosjoanske en Pajût Stammen fan it Duck Valley Reservaat]]

Dizze stammen hawwe allegearre har eigen [[Yndianereservaat|reservaat]]. Der binne yn Idaho gjin [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo|stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo]].

===Taal===
De [[offisjele taal]] fan Idaho is it [[Ingelsk]], dat troch it oergrutte part fan 'e befolking as [[memmetaal]] sprutsen wurdt. De op ien nei grutste taal is it [[Spaansk]], dat yn Idaho as memmetaal sprutsen wurdt troch likernôch 10% fan 'e befolking.
[[File:Idaho Falls Temple.jpg|right|thumb|200px|De [[tsjerke]] ('timpel') fan 'e [[Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen]] yn [[Idaho Falls (Idaho)|Idaho Falls]].]]

===Godstsjinst===
Op it mêd fan [[godstsjinst]] bestie yn [[2008]] 81% fan 'e befolking fan Idaho út [[kristendom|kristenen]], wêrûnder 63% [[protestantisme|protestanten]], 18% [[roomsk-katolisisme|roomsen]] en minder as 0,5% [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdoksen]]. Yn [[2010]] wiene de grutste protestantske denominaasjes de ([[mormoanen|mormoanske]]) [[Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen]], mei rom 409.000 leden, en de [[Assemblies of God USA|Gearkomsten fan God]] mei 22.000 leden. [[Ateïsme|Ateïsten]] en [[agnostisisme|agnosten]] foarmen yn [[2008]] 18% fan 'e befolking. Alle oare godstsjinsten mei-inoar foarmen likernôch 1% fan 'e befolking.

==Klimaat==
Idaho hat in [[lânklimaat]], dat yn 'e hegere dielen fan 'e [[Rocky Mountains]] oergiet yn in [[heechberchtmeklimaat]]. Hoewol't de steat 560 km fan 'e kust fan 'e [[Stille Oseaan]] ôf leit, kin de timperjende ynfloed fan 'e [[see]] yn Idaho noch altyd dúdlik fernommen wurde, mei't it [[klimaat]] der net sa kâld is as men yn in noardlike en bercheftige steat ferwachtsje soe. It westen fan Idaho hat drûgere [[simmer]]s en wietere [[winter]]s, wylst dat yn it easten krektoarsom is. It easten is trouwen in stik drûger, mei't it mear yn it [[reinskaad]] fan 'e Rocky Mountains leit. Simmerdeis kinne de [[temperatuer]]en oerdeis oprinne oant boppe de 30 °C, wylst it kwik by 't winter maklik sakje kin oant fier ûnder it friespunt, mar yn 'e regel net foar langere perioaden. Rekôrtemperatueren wiene 48 °C, op [[28 july]] [[1934]] yn [[Orofino (Idaho)|Orofino]], en –51 °C op [[18 jannewaris]] [[1943]] op 'e [[Island Park-keardaam]].

==Keppelings om utens==
*{{en}}[http://www.idaho.gov/ Offisjele webside fan it regear fan Idaho]
*{{en}}[http://www.nps.gov/crmo It Nasjonaal Monumint Craters of the Moon]

{{Feriene Steaten}}

{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Idaho ''References'', op dizze side].

{{commonscat|Idaho}}

{{Feriene Steaten}}

[[Kategory:Idaho| ]]
[[Kategory:Steat yn de Feriene Steaten]]