Súdeast-Alaska: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L red
Rigel 1:
[[File:Alaska Panhandle.png|right|thumb|220px|In kaart fan Súdeast-Alaska. De dûnkerder kleure gebieten binne [[nasjonaal park|nasjonale parken]]; de blau kleure farrûte is ''Alaska Marine Highway''.]]
'''Súdeast-Alaska''', dat ek wol de '''Alaskaanske ''Panhandle''''' (oftewol it "Panhânsel fan Alaska") neamd wurdt, is de ''[[panhandle]]'' of it skerp útstykjende súdeastlike diel fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Alaska]]. It grutste diel fan dit gebiet heart ta it [[Nasjonaal Wâld Tongass]], it grutste [[nasjonaal wâld (Feriene Steaten)|nasjonaal wâld]] fan 'e Feriene Steaten. Der hearsket foar Alaskaanske mjitstêven in tige myld [[klimaat]]. Histoarysk kaam dit diel fan [[Noard-Amearika]] by Alaska te hearren troch de [[Ruslân|Russyske]] [[kolonisaasje]] fan it kustgebiet. Wêr't yn it binnenlân de grins lei mei de [[Grut-Brittanje|Britske]] ynfloedssfear, bleau lange tiid dizenich. Nei't Alaska yn [[1867]] oergien wie yn Amerikaanske hannen, ûntstie dêrtroch it [[Alaskaanske Grinskonflikt]], wêrby't de Feriene Steaten en Grut-Brittanje yn in slepend skeel ferwikkele rekken oer de krekte lizzing fan 'e grins tusken Alaska en [[Britsk-Kolumbia]]. Pas yn [[1903]] waard dy deilisskip yn it foardiel fan 'e Feriene Steaten oplost.
[[File:Tongass National Forest 4.jpg|left|thumb|250px|It Nasjonaal Wâld Tongass, by [[Ketchikan (Alaska)|Ketchikan]].]]