Súd-Karolina: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
red + oanfolling |
||
Rigel 1:
{{Wurk}}
| namme = State of South Carolina▼
{{Amerikaanske steat
|
|
|biedwurd = '''''Dum Spiro Spero''''' <br>([[Latyn]], "Salang't Ik Noch Sykhelje, Haw Ik Hope")
| bijnaam = Palmetto State▼
|lânkaart = [[File:South Carolina in United States.svg|250px]]
|ôfkoarting = SC
| Haadstêd = [[Columbia (South Carolina)|Columbia]]▼
|status (jier) = [[Amerikaanske steaten|steat]] ([[1788]])
|grutste stêd = [[Columbia (Súd-Karolina)|Columbia]]
|offisjele taal = [[Ingelsk]]
|ynwennertal = 4.832.482 <small>(2014)</small>
|befolkingstichtens = 60,0 / km²
|oerflak = 82.931 km² <small>(wêrfan 6,0% wetter)</small>
|tiidsône = [[UTC]] –5
|simmertiid = UTC –4
|webside = [http://www.sc.gov/ www.sc.gov]
}}
{{Oar|de Amerikaanske steat Súd-Karolina|Súd-Karolina (betsjuttingsside)}}
'''Súd-Karolina''' ([[Ingelsk]]: ''South Carolina''; útspr.: [saṷθ kæɹə'lai̭na], likernôch "saus kerre-laaina"), offisjeel de '''Steat Súd-Karolina''' (Ingelsk: ''State of South Carolina''), is ien fan 'e fyftich [[Amerikaanske steaten|steaten]] dy't mei-inoar de [[Feriene Steaten fan Amearika]] foarmje. Súd-Karolina, byneamd de ''Palmetto State'' ("Dwerchpalmsteat"), is ien fan 'e [[Karolina's]], dy't oan 'e kust fan 'e [[Atlantyske Oseaan]] lizze, yn it súdeasten fan it lân. De steat heart ta de regio fan it [[Amerikaanske Suden]]. De [[haadstêd]] is [[Columbia (Súd-Karolina)|Columbia]], en dat is mei-iens ek de grutste [[stêd]]. Neffens in skatting út [[2014]] hie de steat doe 4,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa [[befolking]]sgrutte de 24e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande [[oerflakte|oerflak]] is Súd-Karolina mei krapoan 83.000 km² de 40e steat. Súd-Karolina stiet bekend om syn neare [[klimaat]], it grutte tal [[kristendom|kristlike]] [[fûnemintalisme|fûnemintalisten]] dat der wennet, en om it feit dat it yn [[1860]] de earste Súdlike steat wie dy't him oan it begjin fan 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ôfskate fan 'e [[Feriene Steaten]].
== Geografy ==▼
==Namme==
De namme ''Carolina'', dy't sawol fan tapassing is op Súd-Karolina as op 'e buorsteat [[Noard-Karolina]], datearret fan [[30 oktober]] [[1629]], doe't de [[Ingelân|Ingelske]] kening [[Karel I fan Ingelân|Karel I]] in [[patint]] útrikte oan [[sir]] [[Robert Heath]] foar de [[kolonisaasje]] fan dat diel fan [[Noard-Amearika]] dat tusken 36 en 31° noarderbreedte yn lei. Ta eare fan Karel I waard dat gebiet ''Carolina'' neamd, nei de [[Latyn]]ske foarm fan syn namme, ''Carolus''. De bynamme fan Súd-Karolina is de ''Palmetto State''. Dat is ien fan 'e bekendste bynammen fan alle [[Amerikaanske steaten]], en eins de iennichste dy't geregeldwei yn oare talen oerset wurdt (as de Dwerchpalmsteat). De [[dwerchpalm]] is it symboal fan Súd-Karolina, en pronket ek op 'e [[flagge]] fan 'e steat.
[[File:TableRockMountain.jpg|left|thumb|250px|It [[Steatspark Table Rock]], yn it uterste noardwesten fan Súd-Karolina.]]
Súd-Karolina hat in [[oerflak]] fan 82.931 km², wêrfan't 6,0% út [[wetter]] bestiet. It leit yn 'e [[Eastlike Tiid (Feriene Steaten)|Eastlike Tiidsône]] ([[UTC]] –5, [[simmertiid]] –4). De steat grinzget yn it westen en súdwesten oan 'e [[Amerikaanske steat]] [[Georgia]] en yn it noarden oan 'e steat [[Noard-Karolina]]. Yn it easten en súdeasten leit Súd-Karolina oan 'e kust fan 'e [[Atlantyske Oseaan]]. De steat kin ferdield wurde yn ferskate [[geografy]]ske gebieten. Yn it uterste noardeasten lizze de [[Blue Ridge-berchtme|Blue Ridge-bergen]], in sterk [[eroazje|erodearre]] [[berchtme]] dat in útrinner fan 'e [[Appalachen]] is. Fierder nei it súdeasten ta wurdt it lânskip stadichoan leger en giet it oer yn in [[heuvel]]ich foarlân, dat op syn beurt oergiet yn 'e [[Sânheuvels (Karolina's)|Sânheuvels]], in gebiet fan oerâlde [[dún|dunen]] dy't markearje wêr't miljoenen jierren lyn de kust lei. Noch fierder nei it súdeasten leit it leechlân fan 'e [[Atlantyske Kustflakte]]. De kust sels kin opdield wurde yn trije aparte gebieten; fan noard nei súd binne dat it [[Gland-strân]], de mûning fan 'e [[rivier]] de [[Santee (rivier)|Santee]], en de [[See-eilannen]] mei harren [[kwelder]]s en [[sâltwetter]][[sompe]]n.
[[File:Yndianereservaten yn Súd-Karolina.PNG|right|thumb|280px|[[Yndianereservaat|Yndianereservaten]] yn Súd-Karolina.]]
It heechste punt fan Súd-Karolina is [[Sassafras Mountain]], yn it noardwesten, wêrfan't de top op 1.085 m boppe [[see]]nivo leit. It leechste punt is it [[strân]] oan 'e Atlantyske kust. De wichtichste [[rivier]]en fan 'e steat binne de [[Savannah (rivier)|Savannah]], dy't de súdwestgrins mei [[Georgia]] foarmet en by de stêd [[Savannah (Georgia)]] yn 'e Atlantyske Oseaan útmûnet, en de [[Santee (rivier)|Santee]], dy't troch sintraal Súd-Karolina streamt. De grutste [[mar]] fan 'e steat is de [[Marion-mar (Súd-Karolina)|Marion-mar]], mei in oerflak fan 450 km². Oare grutte marren binne de [[Strom Thurmond-mar]] (foarhinne de Clarks Hill-mar), de [[Mountrie-mar]] en de [[Hartwell-mar]]. Oarspronklik wie Súd-Karolina hast hielendal begroeid mei [[mingd wâld]]. It heuvelige foarlân fan 'e Appalachen waard earder fierhinne bebuorke, mar om't dat net mear [[ekonomy]]sk rindabel is, hat men in grut part fan dat diel fan 'e steat werbeboske mei [[nullebeam]]men foar de [[hout]]- en [[papier]]yndustry. Súd-Karolina omfiemet ien federaal [[Yndianereservaat]], it lytse [[Katôba Yndianereservaat]], dat tsjin 'e grins mei [[Noard-Karolina]] oan leit.
|