Súd-Karolina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red + oanfolling
oanfolling
Rigel 32:
 
It heechste punt fan Súd-Karolina is [[Sassafras Mountain]], yn it noardwesten, wêrfan't de top op 1.085 m boppe [[see]]nivo leit. It leechste punt is it [[strân]] oan 'e Atlantyske kust. De wichtichste [[rivier]]en fan 'e steat binne de [[Savannah (rivier)|Savannah]], dy't de súdwestgrins mei [[Georgia]] foarmet en by de stêd [[Savannah (Georgia)]] yn 'e Atlantyske Oseaan útmûnet, en de [[Santee (rivier)|Santee]], dy't troch sintraal Súd-Karolina streamt. De grutste [[mar]] fan 'e steat is de [[Marion-mar (Súd-Karolina)|Marion-mar]], mei in oerflak fan 450 km². Oare grutte marren binne de [[Strom Thurmond-mar]] (foarhinne de Clarks Hill-mar), de [[Mountrie-mar]] en de [[Hartwell-mar]]. Oarspronklik wie Súd-Karolina hast hielendal begroeid mei [[mingd wâld]]. It heuvelige foarlân fan 'e Appalachen waard earder fierhinne bebuorke, mar om't dat net mear [[ekonomy]]sk rindabel is, hat men in grut part fan dat diel fan 'e steat werbeboske mei [[nullebeam]]men foar de [[hout]]- en [[papier]]yndustry. Súd-Karolina omfiemet ien federaal [[Yndianereservaat]], it lytse [[Katôba Yndianereservaat]], dat tsjin 'e grins mei [[Noard-Karolina]] oan leit.
 
==Skiednis==
===De koloniale perioade===
Foarôfgeande oan 'e [[kolonisaasje]] fan it gebiet troch de [[jeropide ras|blanken]] waard Súd-Karolina befolke troch sa'n tritich ûnderskate [[Yndianen|Yndiaanske]] stammen. De wichtichsten dêrfan wiene de [[Sûaanske talen|Sûaanske]] [[Katôba (folk)|Katôba]], de [[Irokeeske talen|Irokeeske]] [[Sjeroky (folk)|Sjeroky]] en de [[Muskogeeske talen|Muskogeeske]] [[Jamassy (folk)|Jamassy]]. Foarhinne tocht men dat de [[minske|minsklike]] bewenning fan 'e steat sa'n 15.000 jier lyn begûn, mar ien [[argeology]]sk fynplak, de saneamde [[Topper Site]], is foarsichtich datearre op 30.000 jier lyn.
[[File:Pink-house-charleston-sc1.jpg|left|thumb|180px|It "Rôze Hûs" (''Pink House''), it âldste stiennene gebou fan [[Charleston (Súd-Karolina)|Charleston]], boud tusken [[1694]] en [[1712]].]]
 
De earste [[Jeropa|Jeropeaan]] dy't it grûngebiet fan Súd-Karolina oandie, wie de [[Spanje]]rt [[Francisco Gordillo]], yn [[1521]]. Fiif jier letter, yn [[1526]], stifte in oare Spanjert, [[Lucas Vazquez de Ayllon]], de earste Jeropeeske delsetting op it grûngebiet fan 'e hjoeddeistige [[Feriene Steaten]]. Dy delsetting hiet [[San Miguel de Gualdape]], mar waard nei in fearnsjier alwer ferlitten. Behalven de Spanjerts makken ek de [[Frankryk|Frânsen]] oanspraak op it gebiet. Hja besochten geandewei de [[sechstjinde iuw]] ferskate kearen in delsetting op 'e Súdkarolynske kust te stiftsjen, mar dat slagge net fanwegen de wjerstân fan 'e lânseigen befolking en in gebrekkige befoarrieding. Yn [[1629]] joech de [[Ingelân|Ingelske]] kening [[Karel I fan Ingelân|Karel I]] oan [[sir]] [[Robert Heath]] it allinnichrjocht om yn 'e [[Karolina's]] in [[koloanje]] te stiftsjen. Dy sette dêr noch datselde jiers mei útein; Heath syn koloanje omfieme behalven it moderne Súd-Karolina en [[Noard-Karolina]] ek [[Georgia]] en [[Tennessee]].
 
De Ingelske kolonisten fan 'e koloanje Karolina wiene foar it meastepart rike [[aristokrasy|aristokraten]] dy't oerkamen fan [[Barbados]], dêr't se al earder [[sûkerreid]]plantaazjes opset hiene. Hoewol't it súdlike part fan Súd-Karolina earder al troch de Spanjerts kolonisearre wie, hiene dy har yn [[Floarida]] weromlûke moatten fanwegen de fijannige hâlding fan 'e Yndianen. De nije koloanje ûntjoech him lykwols net sa't men oarspronklik ferwachte hie. It gebiet wie te grut en it noarden waard grutdiels kolonisearre troch [[boer]]en út it binnenlân fan [[Firginia]], wat ek kwa befolking grutte ferskillen opsmiet. Uteinlik waard Karolina yn [[1729]] opspjalte yn 'e keninklike provinsjes [[Provinsje Noard-Karolina|Noard]]- en [[Provinsje Súd-Karolina|Súd-Karolina]]. Neitiid waard yn [[1733]] [[Georgia]] fan Súd-Karolina losmakke.
[[File:East bay street 2222.JPG|right|thumb|250px|Yn plakken oan 'e kust fan Súd-Karolina binne âlde [[strjitte]]n gauris beseame mei [[orkaan]]bestindige [[iik|iken]], lykas hjir oan East Bay Street, yn [[Georgetown (Súd-Karolina)|Georgetown]].]]
 
Yn dy snuorje gie it Súd-Karolina [[ekonomy]]sk tige foar de wyn. Behalven de [[tabak]]s- en letter [[katoen]][[plantaazje]]s dy't troch de aristokraten opset wiene, rjochte de koloanje him mei de natuerlike haven Charles Town (no [[Charleston (Súd-Karolina)|Charleston]]) ek op 'e [[hannel]]. Der waard [[godstsjinstfrijheid]] tastien, wat in protte [[Hugenoaten]] en [[Sefardyske Joaden]] oanloek. Fierders waard mei help fan [[negroïde ras|neger]][[slavernij|slaven]] út [[rys]]ferbouwende dielen fan [[West-Afrika]] de produksje fan dat gewaaks ynfierd, en teffens waard de [[indigoplant]] ferboud, wêrfan't de [[blom]] in [[blau|dûnkerblauwe]] [[kleur]]stof leveret. Yn [[1739]] fûn de [[Stono-rebûlje]] plak, in opstân fan 'e Afrikaanske slaven, wêrnei't it bestjoer fan 'e koloanje besleat om 'e earstfolgjende tsien jier allinne noch mar slaven út it [[Karibysk Gebiet]] te ymportearjen, dy't har al yn har slavestatus skikt hiene. Fan it begjin fan 'e [[achttjinde iuw|achttjinde]] oant de midden fan 'e [[tweintichste iuw]] foarmen negerslaven en harren neikommelingen it grutste part fan 'e Súdkarolynske befolking.
 
===Fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch oant de Boargeroarloch===
By de [[Amerikaanske Revolúsje]] fan [[1776]] wie Súd-Karolina de earste fan 'e [[Trettjin Koloanjes]] dy't him oan it [[Grut-Brittanje|Britske]] koloniale bestjoer ûntskuorde en de ûnôfhinklikheid útrôp. De earste presidint fan 'e steat wie [[John Rutledge]] ([[1776]]-[[1778]]), dy't opfolge waard troch [[Rawlins Lowndes]] ([[1778]]-[[1779]]). Under de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch]] ([[1776]]-[[1783]]) slagge it de [[rebel]]len yn 't earstoan om 'e Britten út 'e steat te ferdriuwen, mar yn [[1780]] koene de Britten mei help fan Súdkarolynske loyalisten de steat weromferoverje. De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] oerwinning yn 'e [[Slach by Cowpens]], op [[17 jannewaris]] [[1781]], markearre lykwols de ein fan 'e Britske opmars. Uteinlik wiene de Britten yn [[1782]] twongen en jou Súd-Karolina hielendal op, wat ta in eksodus fan 'e loyalistyske boargerbefolking late. Op [[23 maaie]] [[1788]] wie Súd-Karolina de achtste steat dy't de [[Amerikaanske Grûnwet]] ratifisearre en dêrmei tatrêde ta de [[Feriene Steaten|Amerikaanske Uny]].
[[File:Millford_Plantation_HABS_color_2.jpg|left|thumb|220px|It haadgebou fan 'e Millford-[[plantaazje]], boud yn [[1839]]-[[1941]], ien fan 'e bêste foarbylden fan Grykske ''revival''-[[arsjitektuer]] yn 'e [[Feriene Steaten]].]]
 
Geandewei de [[njoggentjinde iuw]] kaam Súd-Karolina almar mear op raamkoerts te lizzen mei it Amerikaanske federale regear yn [[Washington, D.C.]] Dat kaam benammen om't Washington in [[ekonomy]]ske [[polityk]] fierde dy't it [[yndustry|yndustriële]] Noarden befoardiele, mar krekt minne gefolgen hie foar it Suden, dat it hawwe moast fan 'e [[útfier]] fan [[lânbou]]produkten ([[katoen]]). Yn [[1832]] ferklearre it steatsparlemint mei de [[Ordinânsje fan Nullifikaasje]] de federale [[belesting]]wetten fan [[1828]] en [[1832]] ûngrûnwettich en dêrom fan nul en gjinderlei wearde. Fan [[1 febrewaris]] [[1833]] ôf waarden dy wetten sadwaande yn Súd-Karolina net mear neilibbe. Dat late ta de saneamde [[Nullifikaasjekrisis]], wêrby't it [[Amerikaanske Kongres]] oan presidint [[Andrew Jackson]] (opmerklikernôch de iennichste Amerikaanske presidint ea dy't berne wie yn Súd-Karolina) it rjocht joech om, as it moast, mei militêre middels yn Súd-Karolina yn te gripen. Fan gefolgen waard doe de Ordinânsje fan Nullifikaasje werroppen, mar de hiele episoade sette in protte kwea bloed by de Súdkaroliniërs.
 
In oar tear punt yn 'e relaasjes fan Súd-Karolina mei it Noarden wie it [[abolysjonisme]] dat yn it Noarden almar mear oanhing krige. Om't de hiele Súdkarolynske ekonomy op slave-arbeid stipe, waard dat sjoen as in grutte bedriging foar de steat. Hoe hjit oft de hollen waarden, die yn [[1856]] bliken, doe't de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske]] [[senator]] foar [[Massachusetts]] [[Charles Sumner]] in taspraak hold wêryn't er oprôp om 'e slavernij fuortendaliks lanlik ôf te skaffen en boppedat de Súdkaroliniërs as groep misledige. Yn reäksje dêrop gie it Súdkarolynske lid fan it [[Amerikaanske Hûs fan Offurdigen]] [[Preston Brooks]] de senaat yn en joech Sumner in pak op 'e bealch mei in mei izer besleine [[gongelstôk]]. Hy ferwûne Sumner dêrby sa slim dat dy ferskate moannen syn funksje net útoefenje koe. Hoewol't Brooks neitiid syn sit yn it Kongres opjaan moast, waard er yn Súd-Karolina ûnthelle as in held.
[[File:Fort_Sumter_National_Monument_sign_IMG_4524.JPG|right|thumb|250px|Boerd by de tagong ta [[Fort Sumter]], yn 'e [[haven]] fan [[Charleston (Súd-Karolina)|Charleston]], dêr't op [[12 april]] [[1861]] de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] begûn.]]
 
Doe't ein [[1860]] dúdlik waard dat [[Abraham Lincoln]], in tsjinstanner fan 'e útwreiding fan 'e slavernij nei nij-kolonisearre gebiet yn it [[Wylde Westen]], de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier wûn hie, wie Súd-Karolina op [[20 desimber]] [[1860]] de earste [[Amerikaanske Suden|Súdlike steat]] dy't him fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske Uny]] [[sesesje|ôfskate]]. Op [[8 febrewaris]] [[1861]] rjochte Súd-Karolina yn 'e mande mei [[Alabama]], [[Floarida]], [[Georgia]], [[Louisiana]] en [[Mississippy (steat)|Mississippy]] de [[Konfederearre Steaten fan Amearika]] op, dêr't har neitiid noch fiif oare steaten by oansleaten. Op [[12 april]] fan dat jier begûn yn Súd-Karolina de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]), doe't de steatsmilysje úteinsette mei de besjitting fan [[Fort Sumter]], in troch de Noardliken besette fêsting yn 'e haven fan [[Charleston (Súd-Karolina)|Charleston]].
 
Neitiid blokearre de [[Amerikaanske Marine]] de haven fan Charleston en besette de [[See-eilannen]]. Súdkarolynske troepen namen diel oan hast alle wichtige Konfederearre fjildtochten, mar op it eigen grûngebiet waard mar amper fochten. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, yn it foarjier fan [[1865]], marsjearre de Noardlike [[generaal]] [[William Tecumseh Sherman]] mei syn leger dwers troch Súd-Karolina, wêrby't er lofts en rjochts [[plantaazje]]s platbaarnde en op [[17 febrewaris]] de steatshaadstêd [[Columbia (Súd-Karolina)|Columbia]] ynnaam. De nachts dêrop stiften syn manskippen op ferskate plakken brân, en in dei letter wie der fan it sintrum frijwol neat mear oer. Yn totaal sneuvelen 18.666 Súdkarolynske militêren yn 'e Boargeroarloch, wat delkaam op likernôch in trêdepart fan 'e manlike blanke befolking tusken de 15 en 60 jier.
[[File:Lake_Wylie_in_autumn.jpg|left|thumb|220px|[[Hjerst]] by de [[Wylie-mar]].]]