Súd-Karolina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling
oanfolling
Rigel 58:
Neitiid blokearre de [[Amerikaanske Marine]] de haven fan Charleston en besette de [[See-eilannen]]. Súdkarolynske troepen namen diel oan hast alle wichtige Konfederearre fjildtochten, mar op it eigen grûngebiet waard mar amper fochten. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, yn it foarjier fan [[1865]], marsjearre de Noardlike [[generaal]] [[William Tecumseh Sherman]] mei syn leger dwers troch Súd-Karolina, wêrby't er lofts en rjochts [[plantaazje]]s platbaarnde en op [[17 febrewaris]] de steatshaadstêd [[Columbia (Súd-Karolina)|Columbia]] ynnaam. De nachts dêrop stiften syn manskippen op ferskate plakken brân, en in dei letter wie der fan it sintrum frijwol neat mear oer. Yn totaal sneuvelen 18.666 Súdkarolynske militêren yn 'e Boargeroarloch, wat delkaam op likernôch in trêdepart fan 'e manlike blanke befolking tusken de 15 en 60 jier.
[[File:Lake_Wylie_in_autumn.jpg|left|thumb|220px|[[Hjerst]] by de [[Wylie-mar]].]]
 
===Moderne tiid===
Under it [[Tiidrek fan de Weropbou]] waard Súd-Karolina de earste jierren nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch regearre troch in koälysje fan Noardlike nijynkommelingen (''carpetbaggers''), blanke Súdlike radikalen (''scalawags'') en befrijde negerslaven. Doe't de opkomst fan 'e [[rasisme|rasistyske]] [[Ku Klux Klan]] (KKK) problematyske foarmen begûn oan te nimmen, skoarre presidint [[Ulysses S. Grant]] yn [[1871]] de boargerrjochten yn njoggen Súdkarolynske [[county (Feriene Steaten)|countys]] op, wêrnei't hûnderten leden fan 'e KKK oppakte waarden en twatûzen oaren de steat ûntflechtsje moasten.
 
Nei't Súd-Karolina yn [[1877]] as lêste eardere Konfederearre steat wer ta de Uny talitten wie en sadwaande syn [[selsbestjoer]] weromkrige, wisten de Demokraten mei help fan [[paramilitêr]]e groepen wer oan 'e macht te kommen. Dêrnei draaiden se alle foarútgong dy't sûnt de Boargeroarloch boekt wie, werom. Mei in kampanje fan [[yntimidaasje]] en [[terreur]] waard de swarte befolking derfan wjerholden om noch oan 'e [[polityk]] diel te nimmen. Yn 'e [[1890]]-er jierren waarden boppedat regels oannommen dy't betingsten ferbûnen oan it [[stimrjocht]], lykas dat men [[lêzen|lêze]] en [[skriuwen|skriuwe]] kinne moast en dat men in beskaat bedrach oan [[belesting]] betelje moast. Fan gefolgen wiene der yn Súd-Karolina yn [[1896]] noch mar 5.500 swarte kiezers oer, hoewol't der de swarten de mearderheid fan 'e befolking útmakken. Ek earme blanken waarden troch dizze maatregels fan it politike proses útsletten. Fierders waard yn [[1924]] troch it Steatskongres ek in wet oannommen, de saneamde "[[ien-dripregel]]", dy't [[houlik]]en ferbea tusken blanken en lju mei ek mar it minste bewiisde Afrikaanske foarâlderskip hiene.
[[File:Congaree_swamp.jpg|right|thumb|250px|De [[sompe]]n fan it [[Nasjonaal Park Congaree]], oan 'e Súdkarolynske kust.]]
 
Mei fanwegen sokke [[diskriminaasje|diskriminearjende]] maatregels, mar ek gewoan fanwegen [[ekonomy]]ske swierrichheden, ferlieten ûnder de [[Afro-Amerikaanske Folksferhuzing]] fan [[1910]] ôf hûnderttûzenen swarten Súd-Karolina. Hja giene nei it Amerikaanske Noarden, dêr't se as arbeiders yn [[stiel]]fabriken en oare tûken fan yndustry in bettere takomst hopen op te bouwen foar harrensels en harren bern. Yn totaal giene der tusken [[1910]] en [[1970]] 6,5 miljoen swarten út Súd-Karolina wei. Tsjin [[1930]] foarmen blanken foar it earst sûnt [[1708]] wer de grutste befolkingsgroep fan 'e steat.
 
Yn 'e [[1950]]-er en [[1960]]-er jierren stried de [[Amerikaanske Boargerrjochtebeweging]] foar gelykberjochtiging foar [[Afro-Amerikanen]]. Dêrby kamen de swarte [[aktivist]]en yn Súd-Karolina faak frontaal yn botsing mei de hearskjende blanke politike elite. Mar net allinnich de Afro-Amerikanen hiene yn Súd-Karolina mei diskriminaasje te krijen; de steat wegere lange tiid om it [[Njoggentjinde Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet|Njoggentjinde Amendemint]] oan 'e [[Amerikaanske Grûnwet]] te ratifisearjen. Dat amendemint, út [[1920]], joech [[frou]]lju it [[stimrjocht]]. Pas op [[1 july]] [[1969]] waard it troch it Steatskongres fan Súd-Karolina oannommen.
[[File:SCCapitol0270.jpg|left|thumb|230px|It Steatskapitoal fan Súd-Karolina.]]