Súd-Karolina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling
oanfolling
Rigel 79:
Yn [[2007]] bedroech it totale [[Bruto Nasjonaal Produkt|bruto steatsprodukt]] fan Súd-Karolina $153 miljard. Per holle fan 'e befolking kaam dat del op $28.894, wat 15% ûnder it [[bruto nasjonaal produkt]] per holle fan 'e befolking fan 'e hiele Feriene Steaten sit. Op it mêd fan 'e [[lânbou]] produsearret de Dwerchpalmsteat benammen [[tabak]], [[plomfee]], [[ko]]wefleis, [[suvel]]produkten, [[sojabeane]], [[rys]] en [[baarch|bargefleis]]. Op it mêd fan 'e [[yndustry]] produsearret Súd-Karolina fral [[tekstyl]], [[gemy|gemyske produkten]], [[papier]]produkten, [[masine]]ry en [[auto|auto's]]. Fan 'e steatsbefolking wurket 19% yn 'e [[hannel]] (de [[detailhannel]] ynbegrepen), 12% yn 'e [[yndustry]], 11,8% yn it [[ûnderwiis]] of de [[sûnenssoarch]] en 11,2% yn 'e [[toerisme|toeristyske sektor]]. Ynkomsten út 'e [[tsjinstesektor]] drage foar 83,7% by oan 'e [[ekonomy]] fan Súd-Karolina.
[[File:South_Carolina_population_map.png|left|thumb|220px|[[Befolkingstichtens]] yn Súd-Karolina.]]
 
==Demografy==
Neffens in offisjele rûzing troch it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]]) hie Súd-Karolina yn [[2014]] 4.832.482 ynwenners, wat in groei fan 4,5% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn [[2010]]. De [[befolkingstichtens]] bedroech yn [[2014]] 60,0 minsken de km². De grutste [[stêd]] fan 'e steat is [[Columbia (Súd-Karolina)|Columbia]], mei 132.000 ynwenners yn [[2011]]. Oare gruttere stêden binne: de wichtige [[haven]]stêd [[Charleston (Súd-Karolina)|Charleston]] (130.000), [[North Charleston (Súd-Karolina)|North Charleston]] (107.000), [[Mount Pleasant (Súd-Karolina)|Mount Pleasant]] (78.000), [[Rock Hill (Súd-Karolina)|Rock Hill]] (70.000) en [[Greenville (Súd-Karolina)|Greenville]] (62.000).
 
===Etnisiteit===
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]] wie de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e Súdkarolynske befolking doe sa: 63,9% [[jeropide ras|blanken]]; 27,9% [[negroïde ras|swarten]]; 5,3% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 1,5% [[Aazje|Aziaten]]; 0,5% [[Yndianen]]; 0,1% [[Polyneezje|Polyneziërs]], [[Melaneezje|Melaneziërs]] en [[Mikroneezje|Mikroneziërs]]; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Ta de [[Afro-Amerikanen]] binne ek de [[See-eilânkreoalen]] (of ''Gullah'') rekkene, dy't op 'e [[See-eilannen]] wenje en harren eigen [[kultuer]] en [[taal]] ûntwikkele hawwe.
[[File:Fall_skyline_of_Columbia_SC_from_Arsenal_Hill.jpg|right|thumb|280px|De ''[[skyline]]'' fan 'e Súdkarolinyske haadstêd [[Columbia (Súd-Karolina)|Columbia]].]]
 
Súd-Karolina omfiemet ien [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende Yndianestamme]], nammentlik de [[Katôba Yndiaanske Naasje]], dy't in eigen [[Yndianereservaat|reservaat]] hat by de grins mei [[Noard-Karolina]], yn 'e omkriten fan [[Rock Hill (Súd-Karolina)|Rock Hill]]. Fierders binne der yn Súd-Karolina ek noch ferskate [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo|stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe]]. Súd-Karolina is de iennichste [[Amerikaanske steat]] dy't ûnderskate gradaasjes taheakket oan 'e erkenning dy't op steatsnivo oan Yndianestammen en oare Yndiaanske organisaasjes skonken wurdt. Der binne 3 fan sokke gradaasjes, hjir werjûn yn folchoarder fan ôfrinnende wichtigens.
*stammen mei erkenning op steatsnivo:
** de [[Beaver Creek Troep fan Py Dy Yndianen]] <small>(erkend sûnt [[2006]])</small>
** de [[Edisto Yndiaanske Stammeried]] <small>(erkend sûnt [[2010]]; ek wol bekend as de Natsjêz-Kussû Stamme fan Súd-Karolina)</small>
** de [[Py Dy Yndianestamme fan Súd-Karolina]] <small>(erkend sûnt [[2006]])</small>
** de [[Py Dy Naasje fan Opper-Súd-Karolina]] <small>(erkend sûnt [[2005]])</small>
** de [[Santy Yndiaanske Organisaasje]] <small>(erkend sûnt [[2006]]; foarhinne de White Oak Yndianemienskip)</small>
** de [[Sumter Stamme fan Sjerou Yndianen]] <small>(erkend sûnt [[2013]])</small>
** it [[Wakkamou Yndianefolk]] <small>(erkend sûnt [[2005]])</small>
** de [[Wassamasou Stamme fan Varnertown Yndianen]] <small>(erkend sûnt [[2010]])</small>
* tribale groepen mei erkenning op steatsnivo:
** it [[Chaloklowa Tsjikkesou Yndianefolk]] <small>(erkend sûnt [[2005]])</small>
** de [[Eastlike Sjeroky, Súdlike Irokezen en Feriene Stammen fan Súd-Karolina]] <small>(erkend sûnt [[2005]]; ek wol bekend as de Sjeroky Yndianestamme fan Súd-Karolina)</small>
** de [[Heechlânske Amerikaanske Yndiaanske Feriening-Eastlike Neder-Sjeroky Naasje fan Súd-Karolina]] <small>(erkend sûnt [[2006]])</small>
** de [[Natsjêz Yndianestamme fan Súd-Karolina]] <small>(erkend sûnt [[2007]])</small>
** de [[Py Dy Yndianenaasje fan Beaver Creek]] <small>(erkend sûnt [[2007]])</small>
* tribale belange-organisaasjes mei erkenning op steatsnivo
** de Amerikaanske Yndiaanske Keamer fan Keaphannel fan Súd-Karolina <small>(erkend sûnt [[2006]])</small>
** it Little Horse Creek Amerikaansk Yndiaansk Kultureel Sintrum <small>(erkend sûnt [[2010]])</small>
[[File:BroadStreetCharleston.jpg|left|thumb|250px|In strjitbyld yn [[Charleston (Súd-Karolina)|Charleston]].]]
 
===Taal===
De offisjele [[taal]] fan Súd-Karolina is it [[Ingelsk]], dat foar de grutte mearderheid fan 'e steatsbefolking de [[memmetaal]] is. It [[Súdlik Amerikaansk-Ingelsk]] fan Súd-Karolina stiet bekend om syn [[nasaliteit|nasale]] útspraak. De op ien nei grutste taal fan Súd-Karolina is it [[Spaansk]]. [[Yndianen|Yndiaanske]] talen wurde yn 'e steat net mear sprutsen; alle autochtoane Yndianen yn Súd-Karolina binne Ingelsktalich. Op 'e [[See-eilannen]], foar de Súdkarolynske kust, wurdt wol it [[See-eilânkreoalsk]] sputsen, de [[kreoalske taal]] fan in subgroep fan 'e [[Afro-Amerikanen]].