Súd-Karolina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}
 
{{Amerikaanske steat
|namme = Steat Súd-Karolina <br><small>''State of South Carolina''</small>
Line 110 ⟶ 108:
===Taal===
De offisjele [[taal]] fan Súd-Karolina is it [[Ingelsk]], dat foar de grutte mearderheid fan 'e steatsbefolking de [[memmetaal]] is. It [[Súdlik Amerikaansk-Ingelsk]] fan Súd-Karolina stiet bekend om syn [[nasaliteit|nasale]] útspraak. De op ien nei grutste taal fan Súd-Karolina is it [[Spaansk]]. [[Yndianen|Yndiaanske]] talen wurde yn 'e steat net mear sprutsen; alle autochtoane Yndianen yn Súd-Karolina binne Ingelsktalich. Op 'e [[See-eilannen]], foar de Súdkarolynske kust, wurdt wol it [[See-eilânkreoalsk]] sputsen, de [[kreoalske taal]] fan in subgroep fan 'e [[Afro-Amerikanen]].
 
===Godstsjinst===
Op it mêd fan [[godstsjinst]] bestiet 93% fan 'e befolking fan Súd-Karolina út [[kristendom|kristenen]], wêrûnder 84% [[protestantisme|protestanten]] en 7% [[roomsk-katolisisme|roomsen]] en 1% oare kristenen. Súd-Karolina makket diel út fan 'e saneamde [[Bibelgurdle (Feriene Steaten)|Bibelgurdle]], en stiet bekend om it grutte persintaazje fan 'e befolking dat in [[fûnemintalisme|fûnemintalistyske]] foarm fan it [[kristendom]] oanhinget. Sokken wurde yn it Amerikaanske [[jargon]] ''evangelicals'' ("evangelysken") neamd, mar dat betsjut eins hiel wat oars. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn [[2010]] de [[Súdlike Baptistekonvinsje]] mei 914.000 leden, de [[Feriene Metodistyske Tsjerke]] mei 274.000 leden, de [[Afrikaanske Metodistysk Episkopaalske Tsjerke]] mei 121.000 leden en de [[Presbyteriaanske Tsjerke (FSA)]] mei 100.000 leden.
 
[[Ateïsme|Ateïsten]] en [[agnostisisme|agnosten]] foarmje 5% fan 'e befolking. It [[bahaïsme]] hie yn [[2010]] yn Súd-Karolina 17.559 oanhingers, wat delkomt op in heger persintaazje fan 'e befolking as yn alle oare Amerikaanske steaten. Oare godstsjinsten binne it [[joadendom]], mei 6.500 oanhingers, en de [[islaam]], mei 5.800 oanhingers.
[[File:Midlandmountaintrail1.JPG|right|thumb|250px|[[Winter]] yn it [[Steatswâld Harbison]], yn it noardwesten fan Súd-Karolina.]]
 
==Klimaat==
Súd-Karolina hat in fochtich [[subtropysk klimaat]], mei fral yn it leechlân hjitte en tige neare [[simmer]]s en hiel mylde [[winter]]s. Wat noardwestliker (en dus heger) oft men komt, wat minder subtropyske skaaimerken oft it [[klimaat]] fertoant. Simmerdeis hat it leechlân oerdeis [[temperatuer]]en fan 30-34&nbsp;°C (nachts 20-24&nbsp;°C), wylst it kwik by 't winter maklik hingjen bliuwe kin om 'e 16&nbsp;°C hinne (nachts 5-8&nbsp;°C). Mear nei it noardwesten leit de trochsneed winternachttemperatuer ûnder it [[friespunt]].
 
Rekôrtemperatueren wiene 45&nbsp;°C, op [[29 juny]] [[2012]] yn [[Johnston (Súd-Karolina)|Johnston]], en –28&nbsp;°C op [[21 jannewaris]] [[1985]] te [[Caesars Head (Súd-Karolina)|Caesars Head]]. Hoewol't Súd-Karolina genôch [[delslach (waar)|delslach]] kriget, is [[snie]] yn it grutste part fan 'e steat in ûngewoan ferskynsel. [[Tornado|Tornado's]] komme wolris foar, mar net sa faak as yn guon oare dielen fan it [[Amerikaanske Suden]]. Wol wurdt Súd-Karolina út en troch troffen troch [[orkaan|orkanen]], dy't út it [[Karibysk Gebiet]] wei ôfbûge nei it noarden en dan by de Amerikaanske eastkust lâns skeare. De sterkste orkanen út 'e bekende skiednis fan 'e steat wiene de [[Orkaan Hazel]] yn [[1954]] en de [[Orkaan Hugo]] yn [[1989]].
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[http://www.sc.gov/ Offisjele webside fan it regear fan Súd-Karolina]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/South_Carolina ''Notes'', ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|South Carolina}}
}}
 
{{Feriene Steaten}}
 
[[Kategory:Súd-Karolina| ]]
[[Kategory:Steat yn de Feriene Steaten]]