Wjerljochtlieder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
wurk
Rigel 1:
{{wurk}}
[[File:Bliksemdraad.jpg|right|thumb|230px|In wjerljochtgelieder op in [[reidtek]].]]
In '''wjerljochtgelieder''' of in '''tongerlieder''' is in [[metaal|metalen]] [[stange]] of [[tried]] of in oareoar foarwerp fan metaal dat opsteld of fêstmakke is boppe-op in heech [[bouwurk]], lykas in [[gebou]], in [[skip]] of sels in [[beam]], en dat yn ferbân stiet mei de [[ierde]]. De meast brûkte metaalsoarten foar it meitsjen fan sokke apparatenlieders binne [[koper]] en [[aluminium]]. De bedoeling dêrfan is dat by init [[wjerljocht]]slach de [[elektrisiteit]] fiaoer it metaal fan 'e wjerljochtgelieder nei de ierde ta laat wurde sil, sadat [[brân]] foarkomd wurde kin. Om't it hjirby om 'e [[wjerljocht]] giet, en dit systeem neat mei de [[tonger]] te krijen hat, is de term 'tongerlieder' eins in misliedende beneaming.
 
Dejinge dy't beskôge wurdt as [[útfiner]] fan 'e wjerljochtgelieder, is de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[steatsman]] en [[wittenskipper]] [[Benjamin Franklin]], dy't op [[15 juny]] [[1752]] ûnder in [[tongerbui]] in eksperimint útfierde mei in [[draakje (boartersguod)|draakje]] en in wiet draakjetou. Yn [[Nederlân]] waard de earste wjerljochtgelieder yn [[1782]] troch [[Cornelis Krayenhoff]] op 'e [[toer]] fan 'e [[Grutte of Martinitsjerke (Doesburch)|Grutte of Martinitsjerke]] te [[Doesburch]] pleatst. Behalven op tuorren sjocht men wjerljochtgelieders ek faak op [[pleats]]en mei in [[reidtek]], hoewol't de mienings ferskille oer de fraach oft it ferstannich is om sokke apparaten te brûken. Tsjinstanners fine dat wjerljochtgelieders krekt wjerljochtslaggen oanlûke trochdat se fan metaal binne, en dat men dêrom mear gefaar rint as men in wjerljochtgelieder oanbringt as wannear't men dat net docht.