Piloat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L plaatsje
 
Rigel 5:
 
As men romtefartugen en loftskippen bûten beskôging lit, kinne piloaten yn twa haadkategoryen ûnderbrocht wurde, nammentlik militêre piloaten en boargerpiloaten. Militêre piloaten kinne noch wer fierder ûnderferdield wurde yn [[strieljager]]piloaten (of foarhinne [[jachtfleantúch]]piloaten), [[bommesmiter]]piloaten, [[transportpiloat]]en en [[testpiloat]]en.
[[Ofbyld:USAF pilot.jpg|thumb|250px|Amerikaansk piloat fan in [[F-16]].]]
 
Yn 'e boargerloftfeart wurde lytse [[privee-fleantúch]]jes troch ien piloat bestjoerd, mar grutte [[ferkearsfleantúch|ferkearsfleantúgen]] hawwe der twa, in [[gesachfierder]] (of ''captain'') en in [[ko-piloat]] of earste ofsier (''first officer'' of ''co-pilot''). Op lange ôfstannen (''long haul'') komt it wol foar dat der ek noch in trêde en soms in fjirde piloat meigeane, dy't dan oantsjut wurde as twadde ofsier (''second officer'' of ''co-co'') en trêde ofsier (''third officer''). Ek as de ko-piloat noch yn oplieding is en de gesachfierder achte wurdt him de kneepkes fan it fak by te bringen, wurdt in trêde piloat oan 'e bemanning tafoege om derop ta te sjen dat der neat mis giet wylst de gesachfierder him mei it ûnderwizen fan 'e ko-piloat dwaande hâldt.