209.101
bewurkings
(nije side) |
L (noch wat) |
||
* It '''astronomysk twiljocht''' is it ynterval tusken de tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne tusken 12° en 18° (of oarsom) ûnder de hoarizon stiet.
As it mulpunt fan 'e sinne leger as 18° ûnder de hoarizon stiet, is it nacht. [[Simmer]]deis stiet de sinne op [[breedtegraad|breedtes]] fan likernôch 48° (noarderbreedte of suderbreedte) sa ticht ûnder de hoarizon dat it astronomysk twiljocht fan 'e [[jûnsskimer]] daliks oergiet yn it astronomysk twiljocht fan 'e [[moarnsdage]], sûnder dat der sprake is fan in echte nacht. Op noch hegere breedten bliuwt it in diel fan 'e simmer hielendal ljochtskyndei. Oarsom is it op dyselde breedten by 't [[winter]] lange tiid efterinoar tsjuster, sûnder dat der in dei oanbrekt.
In skaaimerk fan it twiljocht is dat [[nachtdier]]en om dy tiid hinne noch net te foarskyn kommen of al wer út 'e wei gien binne, wylst [[deidier]]en noch net foar 't ljocht kommen binne of har alwer deljûn hawwe. Guon bisten, benammen [[rôfdier]]en, hawwe har derop talein om spesifyk by twiljocht te [[jacht (aktiviteit)|jeien]]. Sokke bisten wurde [[krepuskulêr]] neamd, nei ''crépuscule'', it [[Frânsk]]e wurd foar twiljocht.
{{boarnen|boarnefernijing=
|