Moarnsdage: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L noch ien
Rigel 1:
[[File:Stonehenge predawn panorama.jpg|right|thumb|300px|Moarnsdage by [[Stonehenge]].]]
De '''moarnsdage''', de '''dage''', it '''dageljocht''', it '''dagerea''', it '''lemieren''', de '''moarnsskimer''' of it '''moarnsrea''' is de perioade fan [[twiljocht]] fuortendaliks foarôfgeande oan [[sinne-opgong]], dy't karakterisearre wurdt troch taljochtsjende [[skimer]]. Dêrby beskynt de [[sinne]] by de bolling fan 'e [[ierde]] lâns al wol de [[loft]], mar fynt der noch gjin direkte beskining fan it [[ierde|ierdoerflak]] troch de sinne plak. Dit fenomeen moat net betize wurde mei de eigentlike [[sinne-opgong]], it momint dat de sinne oer de [[hoarizon]] komt. Mei [[tiidwurd]]en wurdt de moarnsdage yn it [[Frysk]] oantsjut as '''daagjen''', '''kimen''' of '''sichtsjen'''.
 
Om persiis te wêzen beslacht de moarnsdage it ynterval tusken it tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne 18° ûnder de hoarizon stiet, oant it momint dat de sinneskiif oer de hoarizon hinne komt. Dy tiid kin opdield wurde yn trije ûnderskate perioaden: