Nieuwe Weme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2100964
red
Rigel 1:
Gerardus Johannes '''Nieuwe Weme''' iepene yn 1905 yn [[Ynskedee]] in [[bakkerij]] op de hoeke fan de Walhofstrjitte, Drienerwei en Deurningerstrjitte. Dy winkel foarme hy om ta in krûdeniersaak en syn soan Bernard naam it oer en syn pakesizzer Gerard makke der in [[supermerk]] fan. In oare soan fan Gerardus Johannes, Leo, kocht yn 1946 in kruidenierssaakwinkel op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], wat it begjin wie fan de bekende supermerkketensupermerkkeatling "Nieuwe Weme". DyeDy keten groeide, ûnder direksje fan Leonardus Jozef en letter ûnder lieding fan dy syn soan Gerardus J.M., út ta in yn it noarden sterk fertsjintwurdige supermerkketensupermerkkeatling mei 38 fêstigingen yn Fryslân, Grinslân, Drinte, Flevolân en [[Oerisel]]. Letter gie ek de winkel yn Ynskedee (eigener wie neef Gerard, soan fan Bernard), op yn dit op It Hearrenfean fêstige konsern. Yn [[1989]] kocht Nieuwe Weme it Grinslanner [[Dreize]]-konsern.
 
Yn [[1996]] ferkocht de famylje Nieuwe Weme de ûndernimming foar 180 miljoen gûne oan [[Groenwoudt]], dat op syn beurt yn 2000 oernomd waard troch [[Super de Boer N.V.|Laurus]] (tsjintwurdich Super de Boer N.V.). Itselde jier waarden hast alle winkels omboud ta [[Konmar]].
 
De earste fêstiging fan Nieuwe Weme gie by de [[Fjoerwurkramp Ynskedee|fjoerwurkramp]] fan 2000 yn flammen op.